FoldienFoldien de rekk’ning mei de dei,It loek sa stadich nei de joun;De wirktiid mei syn drok gejeij,Hat op it lêst syn ein dochs foun.Wy stean’ nou stil en wachtsje ’ris,En tinke nei, ho ’t alles is.Dêr is nou gjin ferhael mear op,Men kin gjin stap ek mear tobek,Dêr beldert om yens hals in strop,Dy bliûwt, al tiergje w’ ús ek gek.Dêr is hwet bard fen moarn ta joun,Dêr is hwet skript en underfoun.Wy habb’ in swiere sylbeage oan,Dy twingt yen sa aloan tsjin ’t boarst;Wy fiele ’t by ús sels sa skoan,Elk fen ús, dat net oars it moast.Wy binn’ dêr en troch moatte w’ er,Dat kaem ús oer, ús allegear!Al gyng it alles hjoed moai skoan,Hy sit ús danich yn ’e lea,It is in rek ek, sont de moarn,Yn ’t skrippen for it deistich brea;Is ’t wirk ek swier, de earm ek warch,Brea jowt it!—slomme sunder soarch!De rekk’ning is foldien fen hjoed;Wy binn’ dêr troch—mei eare ek;Mar op is ek ús libbensmoed;En woen’ ek lang net graech tobek,Hjoed hâldde ús lang, lang op in bien,Dy lange dei is wer foldien.
Foldien de rekk’ning mei de dei,It loek sa stadich nei de joun;De wirktiid mei syn drok gejeij,Hat op it lêst syn ein dochs foun.Wy stean’ nou stil en wachtsje ’ris,En tinke nei, ho ’t alles is.
Dêr is nou gjin ferhael mear op,Men kin gjin stap ek mear tobek,Dêr beldert om yens hals in strop,Dy bliûwt, al tiergje w’ ús ek gek.Dêr is hwet bard fen moarn ta joun,Dêr is hwet skript en underfoun.
Wy habb’ in swiere sylbeage oan,Dy twingt yen sa aloan tsjin ’t boarst;Wy fiele ’t by ús sels sa skoan,Elk fen ús, dat net oars it moast.Wy binn’ dêr en troch moatte w’ er,Dat kaem ús oer, ús allegear!
Al gyng it alles hjoed moai skoan,Hy sit ús danich yn ’e lea,It is in rek ek, sont de moarn,Yn ’t skrippen for it deistich brea;Is ’t wirk ek swier, de earm ek warch,Brea jowt it!—slomme sunder soarch!
De rekk’ning is foldien fen hjoed;Wy binn’ dêr troch—mei eare ek;Mar op is ek ús libbensmoed;En woen’ ek lang net graech tobek,Hjoed hâldde ús lang, lang op in bien,Dy lange dei is wer foldien.