MaitiidsmoarnLjachte blide maitiidsmoarn!’t Sintsje yn ’t East as gouden kroan,Strielt sa warem oer hiel de ierde,Oer de yngriene fiere miede;’t Ljurkje sjongt dêr ’t heechste liet,Wit fen nocht him hast gjin ried.Boppe d’ earste bûterblom,Swaeit it liepke hieltiid om,Mei syn tummeljen en draeijen:Hwent dêr is syn nêst mei aijen.En de skriezen stappe heech,Troch it wetter fen it Leech.’t Lytse poelke yn ’t djippe blau,Ropt syn weagjes wekker nou,Hwent de strieltsjes fen ’e sinne,Kypje oer syn reidtsjes hinne,En nou moatt’ se, al woll’ se net,Binn’ yn-ienen ek biredt.’t Eintsje kaem nou gau fen ’t nêst,Siet hja oars ek tige bêst,Do ’t hja d’ earste waerme strielen,Fen ’e sinne kaem to fielen,Sylde ringen hja sa swiet,Troch it friske, kleare wiet.Heech troch ’t blauwe fen ’e loft,Fart in gouden wolkenkloft,Foar ’t Noard-East syn sêfte sigen,Dy ’t dêr nou giet troch ’e twigen,Wylt fen ’t wylgenpûske-blomt,’n Hunnichswiete azem komt.Hearlik bist do, Maitiidsmoarn!O wy leauwe it tige skoan,Dat de blomkes iepen geane,Dat gjin fûgelkeeltsjes earneSwije kinne by sa’n nocht,Dy ’t Natúr alhiel trochtsjocht.
Ljachte blide maitiidsmoarn!’t Sintsje yn ’t East as gouden kroan,Strielt sa warem oer hiel de ierde,Oer de yngriene fiere miede;’t Ljurkje sjongt dêr ’t heechste liet,Wit fen nocht him hast gjin ried.
Boppe d’ earste bûterblom,Swaeit it liepke hieltiid om,Mei syn tummeljen en draeijen:Hwent dêr is syn nêst mei aijen.En de skriezen stappe heech,Troch it wetter fen it Leech.
’t Lytse poelke yn ’t djippe blau,Ropt syn weagjes wekker nou,Hwent de strieltsjes fen ’e sinne,Kypje oer syn reidtsjes hinne,En nou moatt’ se, al woll’ se net,Binn’ yn-ienen ek biredt.
’t Eintsje kaem nou gau fen ’t nêst,Siet hja oars ek tige bêst,Do ’t hja d’ earste waerme strielen,Fen ’e sinne kaem to fielen,Sylde ringen hja sa swiet,Troch it friske, kleare wiet.
Heech troch ’t blauwe fen ’e loft,Fart in gouden wolkenkloft,Foar ’t Noard-East syn sêfte sigen,Dy ’t dêr nou giet troch ’e twigen,Wylt fen ’t wylgenpûske-blomt,’n Hunnichswiete azem komt.
Hearlik bist do, Maitiidsmoarn!O wy leauwe it tige skoan,Dat de blomkes iepen geane,Dat gjin fûgelkeeltsjes earneSwije kinne by sa’n nocht,Dy ’t Natúr alhiel trochtsjocht.