MinskelotSa ’s it waer is, is men ek,Alles hat syn lek en brek,Alles kin yen dan mislearje,Nearne hat men sin dan oan,Neat is aerdich dan ef skoan,Men wol dan mar krimmenearje,Yn it wirk in tsjinsin ha,Unforskilligens dêrta,Tsjin in oar sa frjemd en bjuster,Unforstânnich, mâl en koart,Brûkel, as men fleurich moat,Krekt forkeard, de skouwing tsjuster,Hiel den dei allike raer:’t Súver byld fen tristich waer!Koarte dagen, mist en rein,Stoarm en unwaer ’t jowt in ein;Moatte dochs trochwoarst’le wirde.It is sims wol ’ris in toer,Eart dat swiere ûnk is oer,Dat in byt men ’t wer kin hirde;It hat faken gâns hwet yn,Ear ’t in mylde sinneskyn,It moai waer mei grien en blommen,Strielt wer oer ús libbenspaed.Och! dêr is sa-folle skaed,’t Is in toer, soks troch to kommen,Hwet yen yn ’e mage sit,Dêroan hat men frijhwet lit.Deljaen, under al ús lêsten,Dy ’t yen ienris oplein binn’,Giet it mei ef tsjin ús sin:’t Bêste is stil to birêsten,Ho ’t it giet ef rinne mei:Nei de nacht komt wer de dei!
Sa ’s it waer is, is men ek,Alles hat syn lek en brek,Alles kin yen dan mislearje,Nearne hat men sin dan oan,Neat is aerdich dan ef skoan,Men wol dan mar krimmenearje,Yn it wirk in tsjinsin ha,Unforskilligens dêrta,Tsjin in oar sa frjemd en bjuster,Unforstânnich, mâl en koart,Brûkel, as men fleurich moat,Krekt forkeard, de skouwing tsjuster,Hiel den dei allike raer:’t Súver byld fen tristich waer!
Koarte dagen, mist en rein,Stoarm en unwaer ’t jowt in ein;Moatte dochs trochwoarst’le wirde.It is sims wol ’ris in toer,Eart dat swiere ûnk is oer,Dat in byt men ’t wer kin hirde;It hat faken gâns hwet yn,Ear ’t in mylde sinneskyn,It moai waer mei grien en blommen,Strielt wer oer ús libbenspaed.Och! dêr is sa-folle skaed,’t Is in toer, soks troch to kommen,Hwet yen yn ’e mage sit,Dêroan hat men frijhwet lit.
Deljaen, under al ús lêsten,Dy ’t yen ienris oplein binn’,Giet it mei ef tsjin ús sin:’t Bêste is stil to birêsten,Ho ’t it giet ef rinne mei:Nei de nacht komt wer de dei!