Neitinken

NeitinkenLit ús wille smeitsje,Lit ús sa it meitsje,Dat it oan ús netSelvers sitten het,Dat mei ûnk en lijen,Faek wy hien’ to krijen,Folle eigen skild!Ja in hiele bult,Ha wy ’t oan to witen,Dat wy hiele riten,Hast gjin wille ha.Wier! it leit faek sa.—Soks heart ta ’t forline,Seit men, as de pine,En it swier fortriet,Yen dan wer forliet.’t Makket yen net fetter,Al wirdt men ek better,’t Komt yen earst yn ’t sin,Mei in nij bigjin;Fen soks bliûwt in groede;’t Greatst ten ’t tige tsjoede,Dat ús pleage omraek.En de nocht ús faek,Fierst to faek ûntnomd hat,En as it wer romt’ hat,Is ’t ynienen wei,Al ho swier ’t oars lei.En wy moatte ommers,Stees mar wer oan, sommes,Us der ynjaen ’ris,Hwerom dat sa is,Sa dat wy dan letter,En safolste better,Seagen, wer ’t fen kaem,Dat sa’n rin ’t hie naem,—As wy den net hirde,Troch dy slaggen wirde,’t Jowt den alles neat,En it giet forkeard.Wolle wy net leare,Dat w’ ús ’ris omkeareHwet it ús sims docht,Dan wie ’t om ’e nocht.

Lit ús wille smeitsje,Lit ús sa it meitsje,Dat it oan ús netSelvers sitten het,Dat mei ûnk en lijen,Faek wy hien’ to krijen,Folle eigen skild!Ja in hiele bult,Ha wy ’t oan to witen,Dat wy hiele riten,Hast gjin wille ha.Wier! it leit faek sa.—Soks heart ta ’t forline,Seit men, as de pine,En it swier fortriet,Yen dan wer forliet.’t Makket yen net fetter,Al wirdt men ek better,’t Komt yen earst yn ’t sin,Mei in nij bigjin;Fen soks bliûwt in groede;’t Greatst ten ’t tige tsjoede,Dat ús pleage omraek.En de nocht ús faek,Fierst to faek ûntnomd hat,En as it wer romt’ hat,Is ’t ynienen wei,Al ho swier ’t oars lei.En wy moatte ommers,Stees mar wer oan, sommes,Us der ynjaen ’ris,Hwerom dat sa is,Sa dat wy dan letter,En safolste better,Seagen, wer ’t fen kaem,Dat sa’n rin ’t hie naem,—As wy den net hirde,Troch dy slaggen wirde,’t Jowt den alles neat,En it giet forkeard.Wolle wy net leare,Dat w’ ús ’ris omkeareHwet it ús sims docht,Dan wie ’t om ’e nocht.


Back to IndexNext