RaerdJowt min yen ’ris op in paed,Om hwet moais fier ef neiby,—Wie ’t oars, ’t die my bare nij,—Ef men kaem al gau to Raerd.Raerd is wûnder tsjep en skien,Min sjocht dêr by eltse stap,Neat as alles lyke gnap,Ef hie ’t stees to pronk mar stien.Môlke, bûter, tsiis en fé,Ha oan sútrigens in mier,Dêrom is hjir minske en dierSkien, en alles op syn sté.Ut ’e farwe gjin ien hûs.Yn ’e túnen ’t moai opredt,Nagelboskje en blommebed,Friskgrien en ta ûnderen kroes.En giet men de bûrren út,Dan is ’t as in skilderij:Griene lânnen, fol mei kij,Nei it East en West en Súd.Greate pleatsen skûlje smûk,Efter ’t iperen gerdyn;Dêrwei sjocht men ’t fjild fier yn,Troch in skut fen blêd en tûk’;Sjocht men ho ’t yn ’t Westen stiet,Mei de loft, nou ’t buijich wirdt;Seit men: rint de Mounle ek hird?Ef dat it nou noch al giet.Sa is it by Flansum om,Nei ’t Súd-Easten út fen Raerd,Dêr ’t nei Jinsum giet it paed:’n Moaije wrâld yn it rounom!Is it sahwet heldre loft,Sjocht men súdlik doarp en toer!Selst de Snitsermar dat oer,Ljachtblau yn it middeiskoft.Dan rêst dy kant út yen each,By Tersoal in amerij;Oan ’e Súdkant, tichtebyLeit „de Wieren,” del nei ’t Leech.Lêz ús Halbertsma der oer.Lêz de „Wite Flokken” goed;Printsje djip dan yn it moed:Clare en hjar Jonkerbroer.Dêr is al dat jinge bard,Dat men wol ûnthâlde kin:Plakjes nei en dierber yen;Dy ’t yen lizze nei oan ’t hert.Draeije w’ op nou ’ris nei ’t Noard,Hwet is ’t dêr ynienen sêft!Hwet is ’t oer de kleare greftDêr in smout en skadich oard![2]Yngrien beamte swier en heech,Iper, Esk en Populier,Breed en foars ha hjir wol tier,Wirde beammen great en dreech!En dat park mei Roazen dêr,Dy hjar soeije op ’e wyn,Pronkje yn ’e sinneskyn,Mei Geraniums jinsen wer.Hiel de yndruk is fen Raerd,Dat it him sjen litte kin;Sokke plakken fynt men tin:Dat it gnap is sûnder praet.En der binne hollen, hear!Dy ’t oan Letterkinde dwaen’,Dy dryst hjar op ’t paed kinn’ jaen,Sokke Mannen dêr in pear![2]Jongemastate.
Jowt min yen ’ris op in paed,Om hwet moais fier ef neiby,—Wie ’t oars, ’t die my bare nij,—Ef men kaem al gau to Raerd.
Raerd is wûnder tsjep en skien,Min sjocht dêr by eltse stap,Neat as alles lyke gnap,Ef hie ’t stees to pronk mar stien.
Môlke, bûter, tsiis en fé,Ha oan sútrigens in mier,Dêrom is hjir minske en dierSkien, en alles op syn sté.
Ut ’e farwe gjin ien hûs.Yn ’e túnen ’t moai opredt,Nagelboskje en blommebed,Friskgrien en ta ûnderen kroes.
En giet men de bûrren út,Dan is ’t as in skilderij:Griene lânnen, fol mei kij,Nei it East en West en Súd.
Greate pleatsen skûlje smûk,Efter ’t iperen gerdyn;Dêrwei sjocht men ’t fjild fier yn,Troch in skut fen blêd en tûk’;
Sjocht men ho ’t yn ’t Westen stiet,Mei de loft, nou ’t buijich wirdt;Seit men: rint de Mounle ek hird?Ef dat it nou noch al giet.
Sa is it by Flansum om,Nei ’t Súd-Easten út fen Raerd,Dêr ’t nei Jinsum giet it paed:’n Moaije wrâld yn it rounom!
Is it sahwet heldre loft,Sjocht men súdlik doarp en toer!Selst de Snitsermar dat oer,Ljachtblau yn it middeiskoft.
Dan rêst dy kant út yen each,By Tersoal in amerij;Oan ’e Súdkant, tichtebyLeit „de Wieren,” del nei ’t Leech.
Lêz ús Halbertsma der oer.Lêz de „Wite Flokken” goed;Printsje djip dan yn it moed:Clare en hjar Jonkerbroer.
Dêr is al dat jinge bard,Dat men wol ûnthâlde kin:Plakjes nei en dierber yen;Dy ’t yen lizze nei oan ’t hert.
Draeije w’ op nou ’ris nei ’t Noard,Hwet is ’t dêr ynienen sêft!Hwet is ’t oer de kleare greftDêr in smout en skadich oard![2]
Yngrien beamte swier en heech,Iper, Esk en Populier,Breed en foars ha hjir wol tier,Wirde beammen great en dreech!
En dat park mei Roazen dêr,Dy hjar soeije op ’e wyn,Pronkje yn ’e sinneskyn,Mei Geraniums jinsen wer.
Hiel de yndruk is fen Raerd,Dat it him sjen litte kin;Sokke plakken fynt men tin:Dat it gnap is sûnder praet.
En der binne hollen, hear!Dy ’t oan Letterkinde dwaen’,Dy dryst hjar op ’t paed kinn’ jaen,Sokke Mannen dêr in pear!
[2]Jongemastate.