SimmernochtYngrien ’t lân, fol blomt,Troch de hiele romt!Hiem en miede en finne,Blommen dêr-troch hinne,Hwent de maitiid is wer komd.Moai waer dei oan dei!Alles waret mei!Alles kin men tille:’t Is ien—alles wille;Al ’t ûnk is yn-ienen wei.’t Beamt is ticht fen bled,En fen ier ta let,Sjongt it fûgelt tige,Ut ’e beammerige,Hwa dy ’t nou gjin wille het!’t Hôf yn Pinksterpronk,Dat ús ta him wonk,Om yet eltse tûke,Us nei him woe lûke,Foar syn blossom-moai forsonk.’t Sweltsje bouwt syn nêst,Under d’ oes deis fêst,Op it jiertal tritich,Fen it anker, flitich,Gint him súver nea gjin rêst.’t Lyts kreas húske ticht!Liemswier, fearkelicht!Ho sy hjar dêr warre!Krekt as de earebarre,Heech dêr bopp’ hast út ’t gesicht.Reabont, wît en brún,Floddert yn ’e tún,’t Flinterke oer ’e strûken,Om ’e blommetûken,Ta hjar heechste wite krún!Hundert eagen scoe ’k,Hawwe wolle, koe ’k,Al dy wille fetsje.Och! ’t is mar sa’n setsje,Dat sok moaijs yens eagen loek.
Yngrien ’t lân, fol blomt,Troch de hiele romt!Hiem en miede en finne,Blommen dêr-troch hinne,Hwent de maitiid is wer komd.
Moai waer dei oan dei!Alles waret mei!Alles kin men tille:’t Is ien—alles wille;Al ’t ûnk is yn-ienen wei.
’t Beamt is ticht fen bled,En fen ier ta let,Sjongt it fûgelt tige,Ut ’e beammerige,Hwa dy ’t nou gjin wille het!
’t Hôf yn Pinksterpronk,Dat ús ta him wonk,Om yet eltse tûke,Us nei him woe lûke,Foar syn blossom-moai forsonk.
’t Sweltsje bouwt syn nêst,Under d’ oes deis fêst,Op it jiertal tritich,Fen it anker, flitich,Gint him súver nea gjin rêst.
’t Lyts kreas húske ticht!Liemswier, fearkelicht!Ho sy hjar dêr warre!Krekt as de earebarre,Heech dêr bopp’ hast út ’t gesicht.
Reabont, wît en brún,Floddert yn ’e tún,’t Flinterke oer ’e strûken,Om ’e blommetûken,Ta hjar heechste wite krún!
Hundert eagen scoe ’k,Hawwe wolle, koe ’k,Al dy wille fetsje.Och! ’t is mar sa’n setsje,Dat sok moaijs yens eagen loek.