WinternochtNou ride wy, nou glide wy!Nou bliûw’ wy net mear thús!It wier oan dizz’ tiid ta mar sa:It libben hast in krús.’t Wier al den dei, mar foar en nei,Rein, stoarm en Westewyn,Ef dampich waer, ’t wier núver raer,Gjin blinkje sinneskyn.Nou wol gewaei, mar droech de klaei!Hwet wolkjes yn in trop;De loft oars klear, hwet woll’ wy mear?Nou libje wy wer op!Nou is ’t safier: de gledde flier,Leit oer it wetter spraedt;De flakten oer! fen toer ta toer!Dat ’s dei oan dei ús paed!Foart mei ’t geseur! nou is dêr fleur!Men heart gjin kleijen mear!Dêr is wer gong by âld en jong:Ho ’n pearen meitsje ’t klear!
Nou ride wy, nou glide wy!Nou bliûw’ wy net mear thús!It wier oan dizz’ tiid ta mar sa:It libben hast in krús.
’t Wier al den dei, mar foar en nei,Rein, stoarm en Westewyn,Ef dampich waer, ’t wier núver raer,Gjin blinkje sinneskyn.
Nou wol gewaei, mar droech de klaei!Hwet wolkjes yn in trop;De loft oars klear, hwet woll’ wy mear?Nou libje wy wer op!
Nou is ’t safier: de gledde flier,Leit oer it wetter spraedt;De flakten oer! fen toer ta toer!Dat ’s dei oan dei ús paed!
Foart mei ’t geseur! nou is dêr fleur!Men heart gjin kleijen mear!Dêr is wer gong by âld en jong:Ho ’n pearen meitsje ’t klear!