II.Myn moarmren went’ riist dêr’t de séwyn sêftIn liet sjongt tsjin it dún, fen iivge wille,En stiet, fen weagen skûmmich wiet omtrille,Yn blanke rêst fen al to greatske trêft.Sâlt waret dêr de rook fen ’t wiid; de krêftFen greate weagen ropt; hja rize en tilleDe koppen heech en sinke; fier forsilleRûz’t yet it wûnder fen hjar stjerliet sêft.En fen myn toer sjuch ik de wûndre joun,It heimich rizen fen de greate sinneEn ho’t de dei syn goud’ne krânsen woun;Dêr sjongt de sé syn ivich liet; dêr rinneDe weagen rêd nei ’t fiere doel; dêr founIk inkeld smerte en langstme.... ’k bin allinne.
Myn moarmren went’ riist dêr’t de séwyn sêftIn liet sjongt tsjin it dún, fen iivge wille,En stiet, fen weagen skûmmich wiet omtrille,Yn blanke rêst fen al to greatske trêft.
Sâlt waret dêr de rook fen ’t wiid; de krêftFen greate weagen ropt; hja rize en tilleDe koppen heech en sinke; fier forsilleRûz’t yet it wûnder fen hjar stjerliet sêft.
En fen myn toer sjuch ik de wûndre joun,It heimich rizen fen de greate sinneEn ho’t de dei syn goud’ne krânsen woun;
Dêr sjongt de sé syn ivich liet; dêr rinneDe weagen rêd nei ’t fiere doel; dêr founIk inkeld smerte en langstme.... ’k bin allinne.