IV.

IV.Yn Fryslân is de simmer-jountiid ljochtFen goud’ne glâns en lij fen dream en wille;It beamte rûz’t, fen wiffe gloede oertrille,Sêft eft in dreame-prins syn ljeafde oertocht.Elts lûd giet hoar oer miede en wei, as brochtFen kleard’re wyn; it gea is frjemd forstille—Den ’t jounlet út in fiere toer, forsilleOer ’t iep’ne mêd, dêr ’t ljurkje rêst al socht.Mem, ljeave, wêz’ Jins jountiid lyk by ’t simmerYn Fryslân ’t greate ljocht ta rêst him set,Yn sêfte steat en preal en bliid geglimmer—Wêz ien, dy’t ek yn joun de frede met,Fyn yn sa’n rêst Jins treast en blidens jimmer—Dêrta myn liet as silvrich jountiidslet.

Yn Fryslân is de simmer-jountiid ljochtFen goud’ne glâns en lij fen dream en wille;It beamte rûz’t, fen wiffe gloede oertrille,Sêft eft in dreame-prins syn ljeafde oertocht.

Elts lûd giet hoar oer miede en wei, as brochtFen kleard’re wyn; it gea is frjemd forstille—Den ’t jounlet út in fiere toer, forsilleOer ’t iep’ne mêd, dêr ’t ljurkje rêst al socht.

Mem, ljeave, wêz’ Jins jountiid lyk by ’t simmerYn Fryslân ’t greate ljocht ta rêst him set,Yn sêfte steat en preal en bliid geglimmer—

Wêz ien, dy’t ek yn joun de frede met,Fyn yn sa’n rêst Jins treast en blidens jimmer—Dêrta myn liet as silvrich jountiidslet.


Back to IndexNext