IX.

IX.Jow my dyn ljeafde en freegje net nei mear.Faeks nimt ús skielk de dea, faeks libje wyYet mennich jier; de wrâld ropt, winsket dyTo sjen as elts, mei earme glâns en ear’.Mar freegje net nei moarn. Hjoed ljochtet klearDe maitiidsdei, hjoed waechst it lângers blij,Yet stiestou sterk, yet bist fen wrâldlêst frij—Jow my dyn ljeafde en freegje net nei mear.Hwet telt it ús, al riist de nacht? Hwent by’t Ljocht yn ús siele wier de dage ûnklear,En dit ljocht, det ús bliuwt, det tsjinje wy.Skoer ôf dyn deistich klaed, wêz greatsk; bifrearFen kjeld ek d’ ierd’, myn waermens bleau dy by:Jow my dyn ljeafde en freegje net nei mear.

Jow my dyn ljeafde en freegje net nei mear.Faeks nimt ús skielk de dea, faeks libje wyYet mennich jier; de wrâld ropt, winsket dyTo sjen as elts, mei earme glâns en ear’.

Mar freegje net nei moarn. Hjoed ljochtet klearDe maitiidsdei, hjoed waechst it lângers blij,Yet stiestou sterk, yet bist fen wrâldlêst frij—Jow my dyn ljeafde en freegje net nei mear.

Hwet telt it ús, al riist de nacht? Hwent by’t Ljocht yn ús siele wier de dage ûnklear,En dit ljocht, det ús bliuwt, det tsjinje wy.

Skoer ôf dyn deistich klaed, wêz greatsk; bifrearFen kjeld ek d’ ierd’, myn waermens bleau dy by:Jow my dyn ljeafde en freegje net nei mear.


Back to IndexNext