VIII.

VIII.Nou kear ik yn ta Dy, great-machtich God,Hwaens hearlikheit myn lyts bigryp oergiet;Hwent folle sei ’k yn dit forklearjend lietFen ho’st my skoepst en fen myn talein lot,En ’k neamde my mei menn’ge namme en ’k hietMy sjonger, preester, noeder fen in skat,En ’k like sels my great, my byldzjend detIk mids de kenings fen Dyn wrâldrom siet—Dennoch forswige ik yet myn swiidste rom,Ien, great en heech, o Hear, as ierdske taelHast net bineame doar, fen Dy biskern,Hwent mear as ik as bard en preester kom,Bin ik, nei ’t great ûnthjit fen ’t âld forhael—En ’t is in saed fen himelsk lok—Dyn Bern.

Nou kear ik yn ta Dy, great-machtich God,Hwaens hearlikheit myn lyts bigryp oergiet;Hwent folle sei ’k yn dit forklearjend lietFen ho’st my skoepst en fen myn talein lot,

En ’k neamde my mei menn’ge namme en ’k hietMy sjonger, preester, noeder fen in skat,En ’k like sels my great, my byldzjend detIk mids de kenings fen Dyn wrâldrom siet—

Dennoch forswige ik yet myn swiidste rom,Ien, great en heech, o Hear, as ierdske taelHast net bineame doar, fen Dy biskern,

Hwent mear as ik as bard en preester kom,Bin ik, nei ’t great ûnthjit fen ’t âld forhael—En ’t is in saed fen himelsk lok—Dyn Bern.


Back to IndexNext