XV.

XV.Der gyng in feint yn wémoed d’ ierde roun.Hy libbe yn stiltme, in prins yn ienlikheitDy’t inkeld God syn langst en ljeafde seitEn nea geniet noch treast fen eagen woun.’t Beamt rûze fen syn leed; de streamen rounGyng sêft syn stille winsk nei d’ IvichheitDy’t him hjar ljocht ûntkearde en nimmen seitHwerta syn lot fier fen hjar Mem-boarst woun.Ien dei—de wyn wier moarmljend yn it reid,De himel striele en ’t wâld hie rêstme woun,Kaem nei him, biidzjend nêst it wide, in breidHwaens ljochtsjend each syn siele yn iiv’gens boun—Ien gloed wier ’t gea, ien júbling en ien lietBy ’t sjen fen Brêgeman en Breid fen d’ ierd.

Der gyng in feint yn wémoed d’ ierde roun.Hy libbe yn stiltme, in prins yn ienlikheitDy’t inkeld God syn langst en ljeafde seitEn nea geniet noch treast fen eagen woun.

’t Beamt rûze fen syn leed; de streamen rounGyng sêft syn stille winsk nei d’ IvichheitDy’t him hjar ljocht ûntkearde en nimmen seitHwerta syn lot fier fen hjar Mem-boarst woun.

Ien dei—de wyn wier moarmljend yn it reid,De himel striele en ’t wâld hie rêstme woun,Kaem nei him, biidzjend nêst it wide, in breidHwaens ljochtsjend each syn siele yn iiv’gens boun—

Ien gloed wier ’t gea, ien júbling en ien lietBy ’t sjen fen Brêgeman en Breid fen d’ ierd.


Back to IndexNext