XXXIX.Nou lit ús sile oer Fryslân’s marr’ne wiidEn lit it boat troch brûs en weagen sjitte,En lit de sinne ús lokk’ge holle oersnjitteMei glinsters, ljocht as simmer’s blanke tiid;Nou lit de wyn sêft rounje it seil, en litteGod’s sigens ús omstreakje, en roken swiidFen himelblomt ús meifiere yn hjar bliidEn loftich gean, det wy ús Sneinsbern witte!Ho blau de loft yn libb’ne spegels sjoen!Ho blank it wolken-flues! En reid-omrânneLeit, bûnt fen blomte, in pôlle yn simmer-tsjoen—Nou lit ús sile, ien mei de gloed, dy’t lannenEn mar oerwiuwt, ús dy’t de simmer woen’Al leit hiel d’ierde yn Deâ syn rust’ge bannen.
Nou lit ús sile oer Fryslân’s marr’ne wiidEn lit it boat troch brûs en weagen sjitte,En lit de sinne ús lokk’ge holle oersnjitteMei glinsters, ljocht as simmer’s blanke tiid;
Nou lit de wyn sêft rounje it seil, en litteGod’s sigens ús omstreakje, en roken swiidFen himelblomt ús meifiere yn hjar bliidEn loftich gean, det wy ús Sneinsbern witte!
Ho blau de loft yn libb’ne spegels sjoen!Ho blank it wolken-flues! En reid-omrânneLeit, bûnt fen blomte, in pôlle yn simmer-tsjoen—
Nou lit ús sile, ien mei de gloed, dy’t lannenEn mar oerwiuwt, ús dy’t de simmer woen’Al leit hiel d’ierde yn Deâ syn rust’ge bannen.