Aldjiersdei

AldjiersdeiAldjiersdei! In begraff’nisdei!Nou lizze s’ yn ’e lêste siken,Dy bulte dagen, lange wiken,Hja stouden as de moude wei.Hwet like ’t foar ús útsjende eagenDat nije Jier in skoft; fol moedFen wâl w’ it skipke stekken seagen,It heugt ús as de dei fen hjoed!Ien Jier ha’ wy mei him forkeard,In hiel jier, súver alle dagen;Hien’ sims fen him gâns to fordragen,Mar wiern’ faek sels ek bot forkeard.Ho faek gyng ’t ek net op in kreauwen!It spande omraek sims underweis!Wy krigenalderleito preauwen,En moasten mei, de hiele reis!In hiel jier hawwe wy sa fearn,Faek wier it skouwen, inkeld silen,Mar faker bluistrich waer bywilen,En altyd wis oan ’t roer to stean.Mar as ’t stiif yn ’e wyn op moaste,As ’t dêr om gyng, dêroerefyn,Dangyng’t, mar ’t skipke krêke ef boarste ’t,En ’t joech him kroanjend yn de wyn.Wy hawwe ús selskipsman nou hawn,Wy koen’ him oer gjin strieke lûke,Al wierne wy noch sa forbûke,Hy joech ús dêrom ’t folle wân.Wy habb’ er folts by sitte litten....Hwa ’t oerbleauwn binne, sizze nou:„Breed hoege wy ’t net út to mietten,Net graech tobek, fen meet wer ou!”Farwol dan, âlde farrensman!Farwol! dû hast ús heislik pleage,Leist’ om ús boarst in iz’ren beage,En hâldst’ ús wiken lang yn ’t span.Dochs woll’ wy as frjeunen fen dy skiede,Al giet it net fen herten just,En scille strak dyn tsjef biliede,Hwermei dû gled forgetten wirdst.

Aldjiersdei! In begraff’nisdei!Nou lizze s’ yn ’e lêste siken,Dy bulte dagen, lange wiken,Hja stouden as de moude wei.Hwet like ’t foar ús útsjende eagenDat nije Jier in skoft; fol moedFen wâl w’ it skipke stekken seagen,It heugt ús as de dei fen hjoed!

Ien Jier ha’ wy mei him forkeard,In hiel jier, súver alle dagen;Hien’ sims fen him gâns to fordragen,Mar wiern’ faek sels ek bot forkeard.Ho faek gyng ’t ek net op in kreauwen!It spande omraek sims underweis!Wy krigenalderleito preauwen,En moasten mei, de hiele reis!

In hiel jier hawwe wy sa fearn,Faek wier it skouwen, inkeld silen,Mar faker bluistrich waer bywilen,En altyd wis oan ’t roer to stean.Mar as ’t stiif yn ’e wyn op moaste,As ’t dêr om gyng, dêroerefyn,Dangyng’t, mar ’t skipke krêke ef boarste ’t,En ’t joech him kroanjend yn de wyn.

Wy hawwe ús selskipsman nou hawn,Wy koen’ him oer gjin strieke lûke,Al wierne wy noch sa forbûke,Hy joech ús dêrom ’t folle wân.Wy habb’ er folts by sitte litten....Hwa ’t oerbleauwn binne, sizze nou:„Breed hoege wy ’t net út to mietten,Net graech tobek, fen meet wer ou!”

Farwol dan, âlde farrensman!Farwol! dû hast ús heislik pleage,Leist’ om ús boarst in iz’ren beage,En hâldst’ ús wiken lang yn ’t span.Dochs woll’ wy as frjeunen fen dy skiede,Al giet it net fen herten just,En scille strak dyn tsjef biliede,Hwermei dû gled forgetten wirdst.


Back to IndexNext