De Mounle

De MounleSjoch ho moai de roeden swaeije,Fen de mounle troch de loft!Sunder rêste, sunder skoft;Al nei dat de koeltsjes waeije,Gean’ se hird ef staed’ger om,Altyd wer yn ’t wiid rounom.Boppe pleats en alle skûrren,Hat hy breed de seijels spant;Ja hy set it yn ’e kant,Mei de toer syn hege mûrren.Op ’e bûrren sjocht hy del,Dy ’s by him alhiel gjin tel.Kaem de wyn fen ’t Noarden jister,Nou fen ’t Súd—gjin falikantHat de baes, hy ’s by-dêr-hand,Né, dat hindert him net bjuster,Dêrom jowt hy ’t wirk net oer,Draeit—sjocht ek nei ’t Súden oerOpsjen nei syn heechheit dogge,Slotbiwenners—like goedAs de lytse ljue, dy ’t hjoedKomme mei twa fiifkop rogge,Hy dêr oer to sizzen het,Ef hja ite scille ef net!Hwent as hy it wirk ’ris stake,Sei: ik liz gjin seil dêr op,’k Draei net nei de wyn myn kop,En om dreigeminten lake,Netienslach yn ’t roun dwaen woe,Siz ’ris, ho ’t dan komme scoe?Nou! hwet scoene s’ om boltsjes roppe!En om bôle! ’t lûdst om brea!Ryk en earm fen hiel it gea,Scoe tsjin ’n mounledoar oanskoppe,As gjin moal to krijen wier,Omt de mounle stil mar stie!Sjoch! hy kin dêr Kening hiette!Hast safier as men him sjocht,Yn syn wezen sljucht en rjucht,Dochs ynskiklik boppe wiette,Hwent hy freget dêr noait nei:„Wirdt dit brea for Klaes ef Kei?”Hat hy mar de swiere sekken,Under op ’e mounleflier,Dan is ’t oare him gjin sier;Sjoch, in strop komt om hjar nekken,En nou yn ien amerij,Hat de stien hjar neijerby.Krekt ef is ’t fensels—nou geaneUt ’e souders stikken wei,Slagge ta sa daelk dêrnei;Lit it rogge wêze ef beane:’t Falt dan mar de mounler sa,Yn ’e earms fensels sa ta.En de tûz’nen kerrels rolje,Twisken ’t swiere stiennenpear,En dy knipe hjar sa gear,Dat s’ as moal de sekken folje,Wylt de stien yn ’t rounte fljocht,’t Bromt en ’t sjongt dat it hwet docht!En dêr-boppe, ho ’t de reddenAllegear drok yn ’e war,Ho ’t troch ’t kamwirk hja eltsjoarNeisette mei koarte tredden!Om hjar spilwirk geef en swier,Freeslik oan to sjen, sa wier!Hwet dat snûrret, fljocht en sûzet!Ho ’t dat dounset, draeit en snjit!Sjen en hearren yen forgiet!Hark! noch slimmer ’t skûrt en sûzet,Nou ’t de tûzen poun swiere as,Rekke fen syn fang wer los!Nou ’ris bûten! hwer de roeden,Gean’ mei foarsje foar yen lâns;Nou, dy lingten sizze gâns,Men hat yen dêrfor to hoeden,Dat dy sauntich foetten kreft,Yen net tsjin yens lichem treft!Ho ’t it swypket om ’e hekken!Hwer de wyn de seils yntriûwt,By hjar hiele lingte opkliûwt.Sjoch hjar gong hjar nou útrekken!Nou ’r ’n dikke koelte kaem,Dy-’t flink ’t seil to pakken naem!Krekt as brede earnewjukken,Bliûw’ s’ oan ’t sweven troch de loft!Laitsje om ’n dikke wolkenkloft,Al wirdt ’t waer ek tsjok bitrokken;Under—midden—boppelyn,Nimt hy ’r ou al nei de wyn.Seit de wyn: „ik scil it witte,”Dan seit wer de mounler mar,Nea forslein: „ik jow jo kar,Raze jo sa boppe miette,Dan myn boerden allegear,Dêr mar út: dan bin ’k ek klear!Wirdt de wyn dêr om bolstjûrich,Smyt hy ’t op in oare bûch,Wirdt hy kytlich ef unfoech,Wirdt hy bluistrich en oproerich,Ropt hy: ’k scil dy fine strak,As ’k dy by de lurven pak.”„Dat is neat, dan gean ’k oan ’t kruijen,’k Nim it lêste boerd dêrút,Kom dan op fen East ef Súd,Tonger- ef mei Noardske buijen,Sjit mei stoarm út nei ’t Noard-West,En doch dêr ’ris goed dyn bêst.”„’k Wist, do hiest dat op ’e tonge,”As ’t do nei ’t Noard-Westen wolst,Raest do altyd op dyn holst;Och, dan gean ik mei myn jonge,Sjocht de Mounle dy lyk oan:En untklaeit him: rêst ta moarn.Dan bist hwet bikaem fen ’t razen,En wer aerdich brûkber waen,Bist by nacht nei ’t Westen roan,Fris en swiet bigjinst to blazenEn mei folle seijels dan,Giet de moulne yn ’t roun dêrfen!

Sjoch ho moai de roeden swaeije,Fen de mounle troch de loft!Sunder rêste, sunder skoft;Al nei dat de koeltsjes waeije,Gean’ se hird ef staed’ger om,Altyd wer yn ’t wiid rounom.

Boppe pleats en alle skûrren,Hat hy breed de seijels spant;Ja hy set it yn ’e kant,Mei de toer syn hege mûrren.Op ’e bûrren sjocht hy del,Dy ’s by him alhiel gjin tel.

Kaem de wyn fen ’t Noarden jister,Nou fen ’t Súd—gjin falikantHat de baes, hy ’s by-dêr-hand,Né, dat hindert him net bjuster,Dêrom jowt hy ’t wirk net oer,Draeit—sjocht ek nei ’t Súden oer

Opsjen nei syn heechheit dogge,Slotbiwenners—like goedAs de lytse ljue, dy ’t hjoedKomme mei twa fiifkop rogge,Hy dêr oer to sizzen het,Ef hja ite scille ef net!

Hwent as hy it wirk ’ris stake,Sei: ik liz gjin seil dêr op,’k Draei net nei de wyn myn kop,En om dreigeminten lake,Netienslach yn ’t roun dwaen woe,Siz ’ris, ho ’t dan komme scoe?

Nou! hwet scoene s’ om boltsjes roppe!En om bôle! ’t lûdst om brea!Ryk en earm fen hiel it gea,Scoe tsjin ’n mounledoar oanskoppe,As gjin moal to krijen wier,Omt de mounle stil mar stie!

Sjoch! hy kin dêr Kening hiette!Hast safier as men him sjocht,Yn syn wezen sljucht en rjucht,Dochs ynskiklik boppe wiette,Hwent hy freget dêr noait nei:„Wirdt dit brea for Klaes ef Kei?”

Hat hy mar de swiere sekken,Under op ’e mounleflier,Dan is ’t oare him gjin sier;Sjoch, in strop komt om hjar nekken,En nou yn ien amerij,Hat de stien hjar neijerby.

Krekt ef is ’t fensels—nou geaneUt ’e souders stikken wei,Slagge ta sa daelk dêrnei;Lit it rogge wêze ef beane:’t Falt dan mar de mounler sa,Yn ’e earms fensels sa ta.

En de tûz’nen kerrels rolje,Twisken ’t swiere stiennenpear,En dy knipe hjar sa gear,Dat s’ as moal de sekken folje,Wylt de stien yn ’t rounte fljocht,’t Bromt en ’t sjongt dat it hwet docht!

En dêr-boppe, ho ’t de reddenAllegear drok yn ’e war,Ho ’t troch ’t kamwirk hja eltsjoarNeisette mei koarte tredden!Om hjar spilwirk geef en swier,Freeslik oan to sjen, sa wier!

Hwet dat snûrret, fljocht en sûzet!Ho ’t dat dounset, draeit en snjit!Sjen en hearren yen forgiet!Hark! noch slimmer ’t skûrt en sûzet,Nou ’t de tûzen poun swiere as,Rekke fen syn fang wer los!

Nou ’ris bûten! hwer de roeden,Gean’ mei foarsje foar yen lâns;Nou, dy lingten sizze gâns,Men hat yen dêrfor to hoeden,Dat dy sauntich foetten kreft,Yen net tsjin yens lichem treft!

Ho ’t it swypket om ’e hekken!Hwer de wyn de seils yntriûwt,By hjar hiele lingte opkliûwt.Sjoch hjar gong hjar nou útrekken!Nou ’r ’n dikke koelte kaem,Dy-’t flink ’t seil to pakken naem!

Krekt as brede earnewjukken,Bliûw’ s’ oan ’t sweven troch de loft!Laitsje om ’n dikke wolkenkloft,Al wirdt ’t waer ek tsjok bitrokken;Under—midden—boppelyn,Nimt hy ’r ou al nei de wyn.

Seit de wyn: „ik scil it witte,”Dan seit wer de mounler mar,Nea forslein: „ik jow jo kar,Raze jo sa boppe miette,Dan myn boerden allegear,Dêr mar út: dan bin ’k ek klear!

Wirdt de wyn dêr om bolstjûrich,Smyt hy ’t op in oare bûch,Wirdt hy kytlich ef unfoech,Wirdt hy bluistrich en oproerich,Ropt hy: ’k scil dy fine strak,As ’k dy by de lurven pak.”

„Dat is neat, dan gean ’k oan ’t kruijen,’k Nim it lêste boerd dêrút,Kom dan op fen East ef Súd,Tonger- ef mei Noardske buijen,Sjit mei stoarm út nei ’t Noard-West,En doch dêr ’ris goed dyn bêst.”

„’k Wist, do hiest dat op ’e tonge,”As ’t do nei ’t Noard-Westen wolst,Raest do altyd op dyn holst;Och, dan gean ik mei myn jonge,Sjocht de Mounle dy lyk oan:En untklaeit him: rêst ta moarn.

Dan bist hwet bikaem fen ’t razen,En wer aerdich brûkber waen,Bist by nacht nei ’t Westen roan,Fris en swiet bigjinst to blazenEn mei folle seijels dan,Giet de moulne yn ’t roun dêrfen!


Back to IndexNext