Aldjiersjoun

AldjiersjounIn jier ha wy wer hawn,It hie ús oan ’e bân.It foel in bytsje ta,Al wier ’t ek sa ef sa.Wy woene him wol slite;’t Wier al wer gâns in rite,Dat wy dy lange baen,It mei him hien’ to dwaen.De minste wie hy net.—Hien’ wy dêr ús nei set,Dat hy gjin bêsten wie,En ’t goed nou for ús stie,Al wie ’t mar sa’n lyts krûmke—Hy kriget dochs in plûmke;Wy untsprongen mennich dâns,It koe dêr aerdich lâns.Sa’n toalve moannen tiid,Is dat ’r ús skrippe liet,Wy moasten troch ’t kerwei,Hy seach ús sims ’ris nei,Ef w’ ek dêr ’ris útwounen,Hwerta w’ ús iens forbounen,Ef dat mei lek en brek,Foldienen oan ’t bistek.Sa binn’ w’ er einliks kaem;It wirk waerd’ ús ôfnaem.Wy binn’ fen ’t jiergebou,Mei eare nou wer ou.Nou sjenn’ wy, hwer wy binne.En ha w’ ek hwet fortsjinne?Ef binn’ wy like fier,As by ’t bigjin fen ’t jier?Dan ha w’ ús fêst net ward,Wy ha útjown en bard,Yn sa’n hiel lange tiid,Dy ’t nou wer fen ús giet.Seach dy ús sa wol skrippen?Sadat it swit mei drippen,Mei drippen op ’e groun,Us fen ’e troanje roun?Ha wy ús bêst wol dien?Ha wy mei eltsenien,De frede en de rêst,Ta ús en allemansbêst,Ha wy dy goed biwarre?En ha wy fruchten garre?Dy ’t dûrje oer ’e tiid,Hwer neat forlern fen giet?As men „Ja” sizze doar,Dan stiet it goed derfoar.Binn’ mei ’t Aldjier wy lyk,Dat spilet nou de wyk.Sa kin men frij-út sizze,Dêr kin niks swier ús lizze,De rekk’ning is foldien,En ’t is yet aerdich gien.

In jier ha wy wer hawn,It hie ús oan ’e bân.It foel in bytsje ta,Al wier ’t ek sa ef sa.Wy woene him wol slite;’t Wier al wer gâns in rite,Dat wy dy lange baen,It mei him hien’ to dwaen.

De minste wie hy net.—Hien’ wy dêr ús nei set,Dat hy gjin bêsten wie,En ’t goed nou for ús stie,Al wie ’t mar sa’n lyts krûmke—Hy kriget dochs in plûmke;Wy untsprongen mennich dâns,It koe dêr aerdich lâns.

Sa’n toalve moannen tiid,Is dat ’r ús skrippe liet,Wy moasten troch ’t kerwei,Hy seach ús sims ’ris nei,Ef w’ ek dêr ’ris útwounen,Hwerta w’ ús iens forbounen,Ef dat mei lek en brek,Foldienen oan ’t bistek.

Sa binn’ w’ er einliks kaem;It wirk waerd’ ús ôfnaem.Wy binn’ fen ’t jiergebou,Mei eare nou wer ou.Nou sjenn’ wy, hwer wy binne.En ha w’ ek hwet fortsjinne?Ef binn’ wy like fier,As by ’t bigjin fen ’t jier?

Dan ha w’ ús fêst net ward,Wy ha útjown en bard,Yn sa’n hiel lange tiid,Dy ’t nou wer fen ús giet.Seach dy ús sa wol skrippen?Sadat it swit mei drippen,Mei drippen op ’e groun,Us fen ’e troanje roun?

Ha wy ús bêst wol dien?Ha wy mei eltsenien,De frede en de rêst,Ta ús en allemansbêst,Ha wy dy goed biwarre?En ha wy fruchten garre?Dy ’t dûrje oer ’e tiid,Hwer neat forlern fen giet?

As men „Ja” sizze doar,Dan stiet it goed derfoar.Binn’ mei ’t Aldjier wy lyk,Dat spilet nou de wyk.Sa kin men frij-út sizze,Dêr kin niks swier ús lizze,De rekk’ning is foldien,En ’t is yet aerdich gien.


Back to IndexNext