UnderskieLit de blomkes rea ef blau,Pears ef bûnt ef poarper wêze:Dat stekt net sa bare nau,Mar dat ’s wier! sa tige gau,Kinn’ s’ ús troch hjar moaijs bilêze,Ha s’ ús al to pakken nomd:Dat is fen hjar moaijens komd!Blommen op yens libbenswei?Ef dêr dy ek rjue wol binne?Och, wy sjenn’ dêr faek net nei;Ef wy gean’ hjar út ’e wei,Ef wy draeije er al om hinne;Né, wy sjenn’ hjar hast net oan,Binn’ hja noch sa moai en skoan.Sunder blommen nearne nocht!As men hundert tûzen gounen,As it greatst ierdsk lok oansjocht,’t Heechste lot yen dat ’ris brocht,o Sa’n skat w’ yn-ienen founen,Nou ik leau, ’t waerd ús to drok,Mei dat o sa greate lok.Scoe men for yen selver net,Eang dan fen sa’n tynge wirde?As in joadsje út ’e stêd,Yen sa’n jild brocht, noch hiel let!Ik koe ’t, leau ’k, sa’n nacht pas hirde,’k Wier dy hiele nacht lâns bang,O hwet waerd’ sa’n nacht dan lang!Soargen, eangsten, folle noed,Scoene yen dy bankjes bringe!„O hwet hat dy man in goed!”Sei men—„mar gâns yn ’t gemoed!(„Hy hat okkerdeis al hinge!)„Is it libben tige sêd,„Giet moarns om fiif ûre op bêd!”Om syn jild krijt hy gjin rêst;Deis giet hy in hoartsje lizzen,Mar dan slept hy noch net fêst!Lykwols! hat hy ’t rom en bêst,Is it algemiene sizzen.Mar ik siz: gjin ink’le blom,Bloeit for him yn ’t hiel rounom.Frede, sounens, rêst yn ’t moed,’n Bytsje soargen, ’n bulte wille,Sliepe kinne sunder noed,Om it saneamd wrâldske goed;Dat men skoan yen lot kin tille:Blomkes, yn it libbensgea,Blau en pears en poarperrea!
Lit de blomkes rea ef blau,Pears ef bûnt ef poarper wêze:Dat stekt net sa bare nau,Mar dat ’s wier! sa tige gau,Kinn’ s’ ús troch hjar moaijs bilêze,Ha s’ ús al to pakken nomd:Dat is fen hjar moaijens komd!
Blommen op yens libbenswei?Ef dêr dy ek rjue wol binne?Och, wy sjenn’ dêr faek net nei;Ef wy gean’ hjar út ’e wei,Ef wy draeije er al om hinne;Né, wy sjenn’ hjar hast net oan,Binn’ hja noch sa moai en skoan.
Sunder blommen nearne nocht!As men hundert tûzen gounen,As it greatst ierdsk lok oansjocht,’t Heechste lot yen dat ’ris brocht,o Sa’n skat w’ yn-ienen founen,Nou ik leau, ’t waerd ús to drok,Mei dat o sa greate lok.
Scoe men for yen selver net,Eang dan fen sa’n tynge wirde?As in joadsje út ’e stêd,Yen sa’n jild brocht, noch hiel let!Ik koe ’t, leau ’k, sa’n nacht pas hirde,’k Wier dy hiele nacht lâns bang,O hwet waerd’ sa’n nacht dan lang!
Soargen, eangsten, folle noed,Scoene yen dy bankjes bringe!„O hwet hat dy man in goed!”Sei men—„mar gâns yn ’t gemoed!(„Hy hat okkerdeis al hinge!)„Is it libben tige sêd,„Giet moarns om fiif ûre op bêd!”
Om syn jild krijt hy gjin rêst;Deis giet hy in hoartsje lizzen,Mar dan slept hy noch net fêst!Lykwols! hat hy ’t rom en bêst,Is it algemiene sizzen.Mar ik siz: gjin ink’le blom,Bloeit for him yn ’t hiel rounom.
Frede, sounens, rêst yn ’t moed,’n Bytsje soargen, ’n bulte wille,Sliepe kinne sunder noed,Om it saneamd wrâldske goed;Dat men skoan yen lot kin tille:Blomkes, yn it libbensgea,Blau en pears en poarperrea!