Birgum

BirgumWiide Ie en Birgermar,Rikke dêr de hân eltsoar,Hwer dan oan de Birgerdaem,Syn bigjin ’t moai Birgum naem.Birgum! ljeaflik boskryk oard,Dit foaral yn ’t hege Noard,Mei sa mennich kwekerij,Hwer ’t deldraegt krekt yn it lij!Sa ’s yn hiele Frieslân net,Moaijer min ’t wol nearne het!’t Seit my hwet: der heart hwet ta,Dy ’t soks to biöard’rjen ha’!Kom, bigjin w’ ús kuijer dêrTroch dy túnen, hinne en wer.Eltse stap lit nijs ús sjen:Moais fen fremde plantenbern,Ut Amerika, Japan,Afrika, wit ik er fen,Ut Australië kaem hwet;Elts brocht hjir syn planteskat,Heech fen ’t Noarden, djip fen ’t Súd,Amper alles wirdt hjir njút.Dy ’r in bytsje mear fen wit,Seit, dat net fensels soks giet.Beammen, ’t blêdgoed as fen goud,Oan fremdsoartich ikenhout;Wer goud-ipers by de rûs,Rjucht fen stamme en ’t tûkwirk kroes;Boeken brún by ’t bonte blêd,Dêr in hiel park mei biset;All’gear fremdigheden, dyFor de measten binne nij.En hwet oars net, hwerfen ’t skaed,Leit oer ieder slingerpaed;Alles ûnderhâlden gnap,Sjocht men daelk, by ieder stap!Ris in blompark: knop en blomKipet blier yn ’t grien rounom.Hjir Geraniums, Roazen dêr,’n Nagelpark dêr jinsen wer;Neist it simmergoud en brún,’t Yngrien fen in wintertún,Coniferen, Thuya’s, Din,Hwet men mar bitinke kin.En dan is dêr greate kar,Fen Reinett’ en Juttepar,En fen giele Zomeraagt,Dy ’t mei ’t earste jier al draegt.Nou dat wier in lange tocht,Dy ’t ús nijs en nuttigs brocht.Nou sjenn’ w’ efkes oer ’e marBlauw en wiid.... hwet in gefar,En ho’n seils by ’n inkle boat,Tjalken, jachtsjes, alle soart:Eastemar, dêr flak dwarsoer,Mei syn mounle en dûbble toer,En Samar komt yn it SúdMoai ta ’t hege beamgoed út,Dat dan as ien griene krâns,Ta Garyp de kym giet lâns.Birger Nijstêd gean’ wy lâns,As foarbûrren gâns hwet mâns,Dan komt yn syn greatskens gauw,Birgum ’s toer en tsjerke nou,Stiet mei krúsfoarm yn syn pronk,Yet stiet hy dêr.... hwet ek sonk!....Bleau hy fen it Kleaster oer,Mei syn Tsjerke—hy—de Toer.Fen de Twisken-Dykster-StreekKomt út „Bûtenrêst” de reek,Gean’ wy dat in eindsje om,Tepp’ w’ oan ’t poeltsje in „Lieseblom!”Birgums mounle is bikend,Ieuwen is hy ’t mealen wend;Sjoch syn bréde sânwei lâns,Dêr stiet hy nou frij hwet mâns.Mar ho fremd is dit bitocht:Hjir de dead mids ’t libben brocht,Yn sa’n drokke herne in grêf,Past dat for it minsketsjêf?Fréde en swijen wol de dead;’t Moat fen ’t libben dan mear neat;Nei dit libben swiete rêst,Fier fen drokte slept it bêst.’n Slot mei ’n oanlech komt nou sa,Eart wy yet de bûrren ha’.Net to breed en net to nau,Sjenn’ wy rjuchtút him hiel ou.Sizze „Dei” by Tsjibbe Gearts,Yn it Frysk dêr fierwei ’t leardst!En nou troch nei ’t úterst West,Treffe ’t lykwols net mear bêst;Do dêr twa rige iken yet’t Paed oerskaden, sa as net,Men jamk yn dizz’ omtrek foun,Dy bikend wiern’ fier yn ’t roun!Och mei wémoed sjenn w’ er nei....Hwet wie ’t do in moaije wei!Dochs is by ’t forstoarne grien,Altyd yet de poppestien!Birgum, dat just Birgum isTroch him—dêrom is it wis,Dat hy nea net giet forlern,Omdat al de Birger bern,Kamen allgear al den dei,Fen de Poppestien iens wei.’t Birger bernekrijen is,Bliûwt hy dêr, al ridlik wis.d’ Ikebeammen binn’ dêr wei,Slimmernôch—mar gean’ wy nei’t Noarden út, dan libje w’ op,Dêr is bosk wer, beamtetrop!Ticht is ’t dêr—fen beamte fol;’t Gealtsje komt dêr maitiids wol,Klysters hûsje ornaris dêr,Sjonge om Maeije allegear.Wetters blinke er klear en ljacht,Ut it grien fen beamtepracht,Skadich is it dêr en smoutTwisken ’t kreil en opgeand hout.Nei de Daem strak, krekt oars-om,Fiergesichten dan rounom.’n Linebeam op ’t Markelân,Merkt men oan yens lofterhân,Tsjeppe hûzen, griene greid,Hwer in houtflot ’t plak ús seit,Dat dêr iens de „Poltrok” stieDy ’t as houtmounl’ namme hie,Dochs draeit altyd dei oan dei,Oan de nije wetterwei,As syn broer út d’ âlde tiid,Parset d’ oalje nou út ’t sied.Hjir stean’ wy dan op ’e Daem.’t Plak wier altyd hwet fornaem.Simmers skipfeart en derbyDen ljeafhabbers fiskerij.Hwet dat hjir in drokte jowt!Skippen, boaten, ef fen LjouwertDy fen Amsterdam—fen sinsBinn’ op reis miskien nei Grins.—By sterk iis, ho’n winternocht,Dy ’t de Birgermar hjir brocht!’t Moaijste plak yn Fryslân wis,Dat dêr oan it wetter is!Dêr d’ Iikmounle fen alear!Docht de bast nou net mear sear.Seis en fjirtich kear sahwet,Slacht de koeken hy, sa ’t moat.Hjir waeit oan ’e wetterkant,It frij fen East- en Westekant.Lang forlyn hat hy forlern,Hy, syn broer, it twillingsbern,Dy ’t dêr by de âlde Daem,Sage mei syn dûbbel raem,’t Is net oars: mar jammer is ’t,Dat men him dêr ek al mist.’t Utsicht: ho ’t yens each yn ’t Wêst,Op safolle toeren rêst.Min sjocht midden Fryslân yn;Oer de Ie yn sinneskyn,Klear Sawâld rjuchts oan yens hân,Lofts Garyp yn beamterân,Warten lit syn toer yen sjen,’t Greate Wergea amper. Hen!Dêr komt efter ’t beamgoed wei,Ljouwert selst op in heldre dei,Wettermounlen ha dêr ’t ryk:Hast neat sûnder mounle en dyk.Sjocht min dan ris ta bislút,By moaij waer nei ’t Easten út,Dan jaen’ dochs wy wol de kar,Oan ’t gesicht oer Birgums Mar!Bosk-omseame leit syn blauw,Dan ’ris wiider, dan wer nauw,Hielendal for d’ eagen bleat,Ta de Skûlekboarger feart,Hweroer ’t Tilster mounlepear,Teant him heech en ljacht en klear,Oer it drokke skipgefar,Fen de greate Birgermar.

Wiide Ie en Birgermar,Rikke dêr de hân eltsoar,Hwer dan oan de Birgerdaem,Syn bigjin ’t moai Birgum naem.Birgum! ljeaflik boskryk oard,Dit foaral yn ’t hege Noard,Mei sa mennich kwekerij,Hwer ’t deldraegt krekt yn it lij!Sa ’s yn hiele Frieslân net,Moaijer min ’t wol nearne het!’t Seit my hwet: der heart hwet ta,Dy ’t soks to biöard’rjen ha’!

Kom, bigjin w’ ús kuijer dêrTroch dy túnen, hinne en wer.Eltse stap lit nijs ús sjen:Moais fen fremde plantenbern,Ut Amerika, Japan,Afrika, wit ik er fen,Ut Australië kaem hwet;Elts brocht hjir syn planteskat,Heech fen ’t Noarden, djip fen ’t Súd,Amper alles wirdt hjir njút.Dy ’r in bytsje mear fen wit,Seit, dat net fensels soks giet.

Beammen, ’t blêdgoed as fen goud,Oan fremdsoartich ikenhout;Wer goud-ipers by de rûs,Rjucht fen stamme en ’t tûkwirk kroes;Boeken brún by ’t bonte blêd,Dêr in hiel park mei biset;All’gear fremdigheden, dyFor de measten binne nij.En hwet oars net, hwerfen ’t skaed,Leit oer ieder slingerpaed;Alles ûnderhâlden gnap,Sjocht men daelk, by ieder stap!

Ris in blompark: knop en blomKipet blier yn ’t grien rounom.Hjir Geraniums, Roazen dêr,’n Nagelpark dêr jinsen wer;Neist it simmergoud en brún,’t Yngrien fen in wintertún,Coniferen, Thuya’s, Din,Hwet men mar bitinke kin.En dan is dêr greate kar,Fen Reinett’ en Juttepar,En fen giele Zomeraagt,Dy ’t mei ’t earste jier al draegt.

Nou dat wier in lange tocht,Dy ’t ús nijs en nuttigs brocht.Nou sjenn’ w’ efkes oer ’e marBlauw en wiid.... hwet in gefar,En ho’n seils by ’n inkle boat,Tjalken, jachtsjes, alle soart:Eastemar, dêr flak dwarsoer,Mei syn mounle en dûbble toer,En Samar komt yn it SúdMoai ta ’t hege beamgoed út,Dat dan as ien griene krâns,Ta Garyp de kym giet lâns.

Birger Nijstêd gean’ wy lâns,As foarbûrren gâns hwet mâns,Dan komt yn syn greatskens gauw,Birgum ’s toer en tsjerke nou,Stiet mei krúsfoarm yn syn pronk,Yet stiet hy dêr.... hwet ek sonk!....Bleau hy fen it Kleaster oer,Mei syn Tsjerke—hy—de Toer.Fen de Twisken-Dykster-StreekKomt út „Bûtenrêst” de reek,Gean’ wy dat in eindsje om,Tepp’ w’ oan ’t poeltsje in „Lieseblom!”

Birgums mounle is bikend,Ieuwen is hy ’t mealen wend;Sjoch syn bréde sânwei lâns,Dêr stiet hy nou frij hwet mâns.Mar ho fremd is dit bitocht:Hjir de dead mids ’t libben brocht,Yn sa’n drokke herne in grêf,Past dat for it minsketsjêf?Fréde en swijen wol de dead;’t Moat fen ’t libben dan mear neat;Nei dit libben swiete rêst,Fier fen drokte slept it bêst.

’n Slot mei ’n oanlech komt nou sa,Eart wy yet de bûrren ha’.Net to breed en net to nau,Sjenn’ wy rjuchtút him hiel ou.Sizze „Dei” by Tsjibbe Gearts,Yn it Frysk dêr fierwei ’t leardst!En nou troch nei ’t úterst West,Treffe ’t lykwols net mear bêst;Do dêr twa rige iken yet’t Paed oerskaden, sa as net,Men jamk yn dizz’ omtrek foun,Dy bikend wiern’ fier yn ’t roun!

Och mei wémoed sjenn w’ er nei....Hwet wie ’t do in moaije wei!Dochs is by ’t forstoarne grien,Altyd yet de poppestien!Birgum, dat just Birgum isTroch him—dêrom is it wis,Dat hy nea net giet forlern,Omdat al de Birger bern,Kamen allgear al den dei,Fen de Poppestien iens wei.’t Birger bernekrijen is,Bliûwt hy dêr, al ridlik wis.

d’ Ikebeammen binn’ dêr wei,Slimmernôch—mar gean’ wy nei’t Noarden út, dan libje w’ op,Dêr is bosk wer, beamtetrop!Ticht is ’t dêr—fen beamte fol;’t Gealtsje komt dêr maitiids wol,Klysters hûsje ornaris dêr,Sjonge om Maeije allegear.Wetters blinke er klear en ljacht,Ut it grien fen beamtepracht,Skadich is it dêr en smoutTwisken ’t kreil en opgeand hout.

Nei de Daem strak, krekt oars-om,Fiergesichten dan rounom.’n Linebeam op ’t Markelân,Merkt men oan yens lofterhân,Tsjeppe hûzen, griene greid,Hwer in houtflot ’t plak ús seit,Dat dêr iens de „Poltrok” stieDy ’t as houtmounl’ namme hie,Dochs draeit altyd dei oan dei,Oan de nije wetterwei,As syn broer út d’ âlde tiid,Parset d’ oalje nou út ’t sied.

Hjir stean’ wy dan op ’e Daem.’t Plak wier altyd hwet fornaem.Simmers skipfeart en derbyDen ljeafhabbers fiskerij.Hwet dat hjir in drokte jowt!Skippen, boaten, ef fen LjouwertDy fen Amsterdam—fen sinsBinn’ op reis miskien nei Grins.—By sterk iis, ho’n winternocht,Dy ’t de Birgermar hjir brocht!’t Moaijste plak yn Fryslân wis,Dat dêr oan it wetter is!

Dêr d’ Iikmounle fen alear!Docht de bast nou net mear sear.Seis en fjirtich kear sahwet,Slacht de koeken hy, sa ’t moat.Hjir waeit oan ’e wetterkant,It frij fen East- en Westekant.Lang forlyn hat hy forlern,Hy, syn broer, it twillingsbern,Dy ’t dêr by de âlde Daem,Sage mei syn dûbbel raem,’t Is net oars: mar jammer is ’t,Dat men him dêr ek al mist.

’t Utsicht: ho ’t yens each yn ’t Wêst,Op safolle toeren rêst.Min sjocht midden Fryslân yn;Oer de Ie yn sinneskyn,Klear Sawâld rjuchts oan yens hân,Lofts Garyp yn beamterân,Warten lit syn toer yen sjen,’t Greate Wergea amper. Hen!Dêr komt efter ’t beamgoed wei,Ljouwert selst op in heldre dei,Wettermounlen ha dêr ’t ryk:Hast neat sûnder mounle en dyk.

Sjocht min dan ris ta bislút,By moaij waer nei ’t Easten út,Dan jaen’ dochs wy wol de kar,Oan ’t gesicht oer Birgums Mar!Bosk-omseame leit syn blauw,Dan ’ris wiider, dan wer nauw,Hielendal for d’ eagen bleat,Ta de Skûlekboarger feart,Hweroer ’t Tilster mounlepear,Teant him heech en ljacht en klear,Oer it drokke skipgefar,Fen de greate Birgermar.


Back to IndexNext