Omsjen

OmsjenDêr rize út yens hert sims tinzen,Sa mar fen selwer faken wei,Hja kamen fier fen oer ’e grinzen,Fen jister en fen hjoed de dei;Hja kamen fier fen wit hwa hwerre,De measten tige unforwacht,Hja kamen ús oer ’t mot by nacht,Hja wolle graech ús nocht bidjerre,En lykwols men kin dêr net foar;Hja komme binnen, lang net skrúten,Hja ha net tikke earst op ’e rúten,Net mei de klink rink’le oan ’e doar.Men moat ta d’ ein ta hjar oanhearre,En selwer mei men net oan ’t wird;Hja prate troch fen hwerre en dêrre,Men fielt ornaris hwet ’t bitsjut.Hja prate oer unfoldiene rekken,Dy ’t by yen al forgetten hiet,Mear komt dêr fen ús greate brekken,En hwet dêr mear yn ’t boekje stiet.Yet goed to meitsjen, o safolle!Hwet klear west moast al o sa lang!Wy lieten alles mar sa ’t rôlle,Wy wierne tsjin ús sels net strang;Men woe it graech by ’t âlde litte,In bulte omslach joech it faek,Dan scoe ’t op ’t lêst grif wol forjitte,Dy drokte waerd’ in hiele saek.’t Is al fen kant nei dat men tochte,’t Wier troch de lange tiid foldien.Sei, as men ’t yen tobinnen brochte,„Dêr is de strikel fêst oer gien.”O, alderlei forkearde dingen,Dy hie men sommers by de ein,Men sei en die sa faek dan ringen,Hwet better net wierdienefsein.Ho faek dat men yen dan net steurde,Oan sa’n mispaske, rimpen dien,Gjin amerij dêr iens om seurde,En dêr oer neitocht net iens hien’.Flokt hat men wol en kett’reminte,In oar to nei west yn yen praet,Wy joegen ’t wer mei dûbb’le rinte,In wize mûle: inlange haet.Wy ha ús eigen stâl forbûke,Troch ûnforskilligens en hwet,Nou moatt’ w’ in swiere sile lûke,En sizze: hwet ha’ wy in lot!Wy moasten omsjen nei al ’t jinge,Dat lang net yn ’e heak yet wier.Hja praetten earnstich, woen’ ús twinge,As men net nei hjar sin nou die,Dêr kamen ek al drigeminten,Us lot, ús Lok, dat hinge er oan,’t Giet net allinne om ’e sinten,Men tinkt ek om ’e dei fen moarn,Om yens fetsoen en om yens eare,Men seit: host’ mûchlik dat ’t sa kaem?En moat it sa? hwer scil men keare,Nou ’t it sa’n kronkelwei krekt naem.Men fielt yen op sa’n stuit neat lekker,Hjir stiet it moatten foar ’e doar,Dêr wirdt yen sei: „wirdt mar goed wekker,„It jildt Jo sels, folstrekt gjin oar.„Men kaem om ’t Jo rjucht-út to sizzen,„Wy binn’ allinne dêr om kaem,„Ho dat de saek nou komt to lizzen,„De moite hat men dêr ta naem.”—Lêz op dan mar: ik moat wol heare,Ik kin de wierheit dochs net keare,En ikkerje, hwet ’k misdie, op:Ik krij in poarsje op ’e kop.—„Wy komme aerdich earst fen fierren,„Fen ôf Jo trije en tweintich jierren,„Do wiern’ Jo mounich—ta ’t forstân,„Nou stien’ Jo hast op ’t grêf syn rân,„’t Is tiid, ta omsjen wol to kommen,„Dyn skildbrief sprekt fen greate sommen,„’t Stiet mei dyn saken bare bryk,„o Jonge, ho wirdst dû wer lyk!„’t Bikrûpt my, dat ’k net ien’ris yette,„Myn goede rie koe hearre litte,„Dos skodsje d’ âlde minske ou,„Kear ta dy sels yn: ha birou!„In heale ieuw is al forstritsen,„En mei ’t forkearde hast net britsen,„Wist dû miskien, ho âld dû wirdst?’k Bigryp net, host it langer hirdst’;„Foar ’t lêst is ’t, dat ik dy warskôgje!„En mei it nea Jo dan birouwje,„Dat Jy net nei my harken, Man!„Sjesa! nou witt’ Jy er alles fen!”Dêr prate tsjin Jo, Jo gewisse,Jo kinn’ dy echte Frjeun net misse,Dy hâldt Jo mei syn fêste hân,—As Jo oan ’t wilewaeljen binne,—En op forkearde paden rinne,—As Jo taharkje—yn ’e bân!

Dêr rize út yens hert sims tinzen,Sa mar fen selwer faken wei,Hja kamen fier fen oer ’e grinzen,Fen jister en fen hjoed de dei;Hja kamen fier fen wit hwa hwerre,De measten tige unforwacht,Hja kamen ús oer ’t mot by nacht,Hja wolle graech ús nocht bidjerre,En lykwols men kin dêr net foar;Hja komme binnen, lang net skrúten,Hja ha net tikke earst op ’e rúten,Net mei de klink rink’le oan ’e doar.Men moat ta d’ ein ta hjar oanhearre,En selwer mei men net oan ’t wird;Hja prate troch fen hwerre en dêrre,Men fielt ornaris hwet ’t bitsjut.Hja prate oer unfoldiene rekken,Dy ’t by yen al forgetten hiet,Mear komt dêr fen ús greate brekken,En hwet dêr mear yn ’t boekje stiet.Yet goed to meitsjen, o safolle!Hwet klear west moast al o sa lang!Wy lieten alles mar sa ’t rôlle,Wy wierne tsjin ús sels net strang;Men woe it graech by ’t âlde litte,In bulte omslach joech it faek,Dan scoe ’t op ’t lêst grif wol forjitte,Dy drokte waerd’ in hiele saek.’t Is al fen kant nei dat men tochte,’t Wier troch de lange tiid foldien.Sei, as men ’t yen tobinnen brochte,„Dêr is de strikel fêst oer gien.”O, alderlei forkearde dingen,Dy hie men sommers by de ein,Men sei en die sa faek dan ringen,Hwet better net wierdienefsein.Ho faek dat men yen dan net steurde,Oan sa’n mispaske, rimpen dien,Gjin amerij dêr iens om seurde,En dêr oer neitocht net iens hien’.Flokt hat men wol en kett’reminte,In oar to nei west yn yen praet,Wy joegen ’t wer mei dûbb’le rinte,In wize mûle: inlange haet.Wy ha ús eigen stâl forbûke,Troch ûnforskilligens en hwet,Nou moatt’ w’ in swiere sile lûke,En sizze: hwet ha’ wy in lot!Wy moasten omsjen nei al ’t jinge,Dat lang net yn ’e heak yet wier.Hja praetten earnstich, woen’ ús twinge,As men net nei hjar sin nou die,Dêr kamen ek al drigeminten,Us lot, ús Lok, dat hinge er oan,’t Giet net allinne om ’e sinten,Men tinkt ek om ’e dei fen moarn,Om yens fetsoen en om yens eare,Men seit: host’ mûchlik dat ’t sa kaem?En moat it sa? hwer scil men keare,Nou ’t it sa’n kronkelwei krekt naem.Men fielt yen op sa’n stuit neat lekker,Hjir stiet it moatten foar ’e doar,Dêr wirdt yen sei: „wirdt mar goed wekker,„It jildt Jo sels, folstrekt gjin oar.„Men kaem om ’t Jo rjucht-út to sizzen,„Wy binn’ allinne dêr om kaem,„Ho dat de saek nou komt to lizzen,„De moite hat men dêr ta naem.”—Lêz op dan mar: ik moat wol heare,Ik kin de wierheit dochs net keare,En ikkerje, hwet ’k misdie, op:Ik krij in poarsje op ’e kop.—

„Wy komme aerdich earst fen fierren,„Fen ôf Jo trije en tweintich jierren,„Do wiern’ Jo mounich—ta ’t forstân,„Nou stien’ Jo hast op ’t grêf syn rân,„’t Is tiid, ta omsjen wol to kommen,„Dyn skildbrief sprekt fen greate sommen,„’t Stiet mei dyn saken bare bryk,„o Jonge, ho wirdst dû wer lyk!„’t Bikrûpt my, dat ’k net ien’ris yette,„Myn goede rie koe hearre litte,„Dos skodsje d’ âlde minske ou,„Kear ta dy sels yn: ha birou!„In heale ieuw is al forstritsen,„En mei ’t forkearde hast net britsen,„Wist dû miskien, ho âld dû wirdst?’k Bigryp net, host it langer hirdst’;„Foar ’t lêst is ’t, dat ik dy warskôgje!„En mei it nea Jo dan birouwje,„Dat Jy net nei my harken, Man!„Sjesa! nou witt’ Jy er alles fen!”

Dêr prate tsjin Jo, Jo gewisse,Jo kinn’ dy echte Frjeun net misse,Dy hâldt Jo mei syn fêste hân,—As Jo oan ’t wilewaeljen binne,—En op forkearde paden rinne,—As Jo taharkje—yn ’e bân!


Back to IndexNext