Blom en LokBeide bloeije: Lok en Blommen;Habbe wol hwet fen eltsoar;Tagelyk sjocht men hjar kommen,Troch ien bui fordwine hja.Tonger kin sa rimpen komme,Broeit sa ungemirken op,En de jouns leit al de blomme,Weiheilt mei hjar moaije knop.Hwa scoe dat om middei sei ha?Do ’t de loft sa helder wier,Dat it ljeave blomke lei sa,En foarby wie wille en tier!Minske, sa ’s Jo lot ek folle,Sa ’s it mei dit blomke gie,Dat de moarns hjar moaije holle,Yet sa blier opstitsen hie!Moarns binn’ wy faek lokkich tige,Alles is dan licht en rom,Mar do ha w’ in tynge krige,Dy smiet it yn-ienen om.Mar ien flater, dy ’t wy meitsje,Dan ’s faek al ús wille wei,O, dy kin sa tûk sims reitsje,Lok en Blomt, dy nimt hy mei!
Beide bloeije: Lok en Blommen;Habbe wol hwet fen eltsoar;Tagelyk sjocht men hjar kommen,Troch ien bui fordwine hja.
Tonger kin sa rimpen komme,Broeit sa ungemirken op,En de jouns leit al de blomme,Weiheilt mei hjar moaije knop.
Hwa scoe dat om middei sei ha?Do ’t de loft sa helder wier,Dat it ljeave blomke lei sa,En foarby wie wille en tier!
Minske, sa ’s Jo lot ek folle,Sa ’s it mei dit blomke gie,Dat de moarns hjar moaije holle,Yet sa blier opstitsen hie!
Moarns binn’ wy faek lokkich tige,Alles is dan licht en rom,Mar do ha w’ in tynge krige,Dy smiet it yn-ienen om.
Mar ien flater, dy ’t wy meitsje,Dan ’s faek al ús wille wei,O, dy kin sa tûk sims reitsje,Lok en Blomt, dy nimt hy mei!