Treast’t Mei bare tsjuster lykje,As alles tsjin yen is,As alles raer giet, mis;Us frjeunen ús untwykje,Neat mei ús op mear ha’,Ja wis, ’t spant sommers sa,Dat wy dan hast biswykje.Rjucht út dêr troch! gjin triennen;Nei rein komt sinneskyn,Dêr mar mei moed op yn.De smerten, dy ’t ús ’t dienen,Sjenn’ wy dan efternei,Dat oars ús paed net lei,En toant ús, hwa ’t wy wiernen!
’t Mei bare tsjuster lykje,As alles tsjin yen is,As alles raer giet, mis;Us frjeunen ús untwykje,Neat mei ús op mear ha’,Ja wis, ’t spant sommers sa,Dat wy dan hast biswykje.
Rjucht út dêr troch! gjin triennen;Nei rein komt sinneskyn,Dêr mar mei moed op yn.De smerten, dy ’t ús ’t dienen,Sjenn’ wy dan efternei,Dat oars ús paed net lei,En toant ús, hwa ’t wy wiernen!