De BlomkesNou, lytse blomkes! nou op bêd!Al binn’ jimm’ ’t bloeijen lang net sêd,It kin nou net mear lije;’t Is mear as tiid, och leau my mar,Wy kinne ommers wol eltsjoar,Jimm’ scoen’ jimm’ nocht nea krije.To berntsjes, to myn ried „Hawar!To gau op bêd, dêr ’s gjin mear kar!”De nachten wirde fierst to lang,Ik wie for jimme wier al bang,Dat it to let scoe wirde,Jimm’ boartsje as mar ien sinnestrielYet laket, mei jimm’ read en giel;Al kinn’ jimm’ ’t deis wol hirde,To nacht paktienjimm’ by de kiel,Biried jimm’ nou for strop en stiel!Ik wit hy komt yet joun yn ’t lân,Hy sit al op ’e Easterrân,Mei ungedild to wachtsjen.Ik wit it goed, ik ha him met,Hwent jisterjoun wier hy hiel let,Mei ’n sniebui al oan ’t jachtsjen,Do ’t jimm’ al slepten, blomt en blêd,Hy wie sa rou! Wês wol biredt!Bistopje mei ik jimm’ nou fêst,Ta ’n lange swiete winterrêst,Nou ’t jimm’ dit fen my hearre;’k Ha blêdden, rûchte, strie en hea,Dat stopje ik jimme om ’e lea,Dêr scil k jimme yn biteare,Al-hiel-en-dal jimm’ teare lea,Dan is hy ’r ou, oars is ’t jimm’ dea!
Nou, lytse blomkes! nou op bêd!Al binn’ jimm’ ’t bloeijen lang net sêd,It kin nou net mear lije;’t Is mear as tiid, och leau my mar,Wy kinne ommers wol eltsjoar,Jimm’ scoen’ jimm’ nocht nea krije.To berntsjes, to myn ried „Hawar!To gau op bêd, dêr ’s gjin mear kar!”
De nachten wirde fierst to lang,Ik wie for jimme wier al bang,Dat it to let scoe wirde,Jimm’ boartsje as mar ien sinnestrielYet laket, mei jimm’ read en giel;Al kinn’ jimm’ ’t deis wol hirde,To nacht paktienjimm’ by de kiel,Biried jimm’ nou for strop en stiel!
Ik wit hy komt yet joun yn ’t lân,Hy sit al op ’e Easterrân,Mei ungedild to wachtsjen.Ik wit it goed, ik ha him met,Hwent jisterjoun wier hy hiel let,Mei ’n sniebui al oan ’t jachtsjen,Do ’t jimm’ al slepten, blomt en blêd,Hy wie sa rou! Wês wol biredt!
Bistopje mei ik jimm’ nou fêst,Ta ’n lange swiete winterrêst,Nou ’t jimm’ dit fen my hearre;’k Ha blêdden, rûchte, strie en hea,Dat stopje ik jimme om ’e lea,Dêr scil k jimme yn biteare,Al-hiel-en-dal jimm’ teare lea,Dan is hy ’r ou, oars is ’t jimm’ dea!