De Maitiid komt

De Maitiid komtDe Maitiid komt mei grien en blomt,En allerhande fûgelsang;Natúr ûntdocht hjar fen ’e twang;De blêdsjes roppe: „jaen my romt!”Hwent sikerwier! de Maitiid komt,It is net oars, wy wierne bang,It dûrre ek in bytsje lang.”Elts blomke flústert yn ’e greid:Foarop jimm’ bledsjes, to! derút!De wyntsjes waeye bol fen ’t Súd,Hark mar! swietlûdich troch it reid,Hwer ’t reidmoskje yn syn sangkje seit:„Kom mar, in gau en goed beslút,Kom bledsjes jimme mar foarút!”Der komt in maitiidsbuike oan,Mei bûterdrippen by de rûs;Dy komme er oan mei sêft gesûs,Bytiid al yn ’e iere moarn.Dat is for ’t lytse krûd sa skoan.—Nou ’t dript fen ’t beamte en fen ’e oes,Brekt ’t earste blomke út syn klûs!Hwet hie dêr mennich fûgelpear,Nei útsjoen dat sa fier ’t hast wier!Faek harke ho ’t it dochs wol stie,Mar altyd wie it, kear op kear,Gjin ien fen allegear wie klear;Gjin ien die ’t yet de tynge hie,Dat nou it selskip hinnegie.De Eiber doarst net ienris yet,Lit stean fen ’t lytse fûgelgûd;Der gyng alhiel gjin ien fen foart;It Sweltsje hie ’r him net nei set,It Gealtsje wier lang net biredt;’t Boumantsje net, dat ek mei moat:En nou waerd’ ’t wachtsjen yet sa koart!Sjoch! op ’e hege skûrrenaed,Dêr stiet ús keningsfûgel nou!Sjocht fen syn hege prikkebouOer hûs en lân, oer poelke en paed,En loert de minsken yn ’e kaert,Ef siket dobbe en sleaten ou,En wachtet klepprjend op ’e frou.En mei him kaem it hiele boun,Him wipte Bouman op ’e stirt,It Sweltsje fleach allike hirdEn hat op ’t anker ’t nêst wer-foun,It sjongt en fluitet oer ’e groun,In sang, dy ’t Maitiidsnocht bitsjut,Men fielt nou, dat it Maitiid wirdt.De Sinne laket bliid dat ta,En hiet de twirkes „sêfkes oan,„Dat Moaije moat my net bidoarn,„Fen sêfte koeltjes moatt’ hja ’t ha,„En sinneskyn, dat meij hja sa!„Tear binn’ de blomkes: neat gewoan,„Klûmsk ’t fûgelt: thús sa’n earste moarn!”Sjoch! ho ’t nou alles him ûntjowt;Gjin inkeld beamke ef ’t wirdt grien,De maitiidspronk wirdt al oan dien,De pûskes rûke oan ’t wylgenhout,Gjin fûgel, dy ’t gjin nestjes bouwt,Gjin blomke dat net bloeit, gjin ien!Ho ’n minsken, dy ’t forlangst ek hien’!

De Maitiid komt mei grien en blomt,En allerhande fûgelsang;Natúr ûntdocht hjar fen ’e twang;De blêdsjes roppe: „jaen my romt!”Hwent sikerwier! de Maitiid komt,It is net oars, wy wierne bang,It dûrre ek in bytsje lang.”

Elts blomke flústert yn ’e greid:Foarop jimm’ bledsjes, to! derút!De wyntsjes waeye bol fen ’t Súd,Hark mar! swietlûdich troch it reid,Hwer ’t reidmoskje yn syn sangkje seit:„Kom mar, in gau en goed beslút,Kom bledsjes jimme mar foarút!”

Der komt in maitiidsbuike oan,Mei bûterdrippen by de rûs;Dy komme er oan mei sêft gesûs,Bytiid al yn ’e iere moarn.Dat is for ’t lytse krûd sa skoan.—Nou ’t dript fen ’t beamte en fen ’e oes,Brekt ’t earste blomke út syn klûs!

Hwet hie dêr mennich fûgelpear,Nei útsjoen dat sa fier ’t hast wier!Faek harke ho ’t it dochs wol stie,Mar altyd wie it, kear op kear,Gjin ien fen allegear wie klear;Gjin ien die ’t yet de tynge hie,Dat nou it selskip hinnegie.

De Eiber doarst net ienris yet,Lit stean fen ’t lytse fûgelgûd;Der gyng alhiel gjin ien fen foart;It Sweltsje hie ’r him net nei set,It Gealtsje wier lang net biredt;’t Boumantsje net, dat ek mei moat:En nou waerd’ ’t wachtsjen yet sa koart!

Sjoch! op ’e hege skûrrenaed,Dêr stiet ús keningsfûgel nou!Sjocht fen syn hege prikkebouOer hûs en lân, oer poelke en paed,En loert de minsken yn ’e kaert,Ef siket dobbe en sleaten ou,En wachtet klepprjend op ’e frou.

En mei him kaem it hiele boun,Him wipte Bouman op ’e stirt,It Sweltsje fleach allike hirdEn hat op ’t anker ’t nêst wer-foun,It sjongt en fluitet oer ’e groun,In sang, dy ’t Maitiidsnocht bitsjut,Men fielt nou, dat it Maitiid wirdt.

De Sinne laket bliid dat ta,En hiet de twirkes „sêfkes oan,„Dat Moaije moat my net bidoarn,„Fen sêfte koeltjes moatt’ hja ’t ha,„En sinneskyn, dat meij hja sa!„Tear binn’ de blomkes: neat gewoan,„Klûmsk ’t fûgelt: thús sa’n earste moarn!”

Sjoch! ho ’t nou alles him ûntjowt;Gjin inkeld beamke ef ’t wirdt grien,De maitiidspronk wirdt al oan dien,De pûskes rûke oan ’t wylgenhout,Gjin fûgel, dy ’t gjin nestjes bouwt,Gjin blomke dat net bloeit, gjin ien!Ho ’n minsken, dy ’t forlangst ek hien’!


Back to IndexNext