Earste

Earste—Oan ’t earste finneblomke op ’t lân,Yn smoute fen ’e foergerân,Dat earste ljeave foarjiersbern,—Ha ringen wy ús hert forlern.It plakje dêr wy boarten ’t earst,Dat lûkt yen jimmer wer, en ’t meast,Dat giet bilieven nea net wei,Howol ’t yen krekt mar tinke mei.Us earste boarters fen dy tiid,Nou al forslingere wiid en siid,Derfor fiele altyd wy sa eat,Hwer dat men letter ek forkeart.It earste frjemde skoalleskoft,Dêr mids de greate skoall’bernskloft,Komt sims yet sa fensels mar yenNei fyftich jierren wer yn ’t sin.Yens earste lytse frijerij,Forjit men nea, bliûwt stees yen by,Do hie men sin oan oarmans bern,Yens holle hast dêrby forlern.’t Forjit yen nea! dat heucht yen ’t meast!Ho ’t men bidêsd iens, ek foar it earst,Oan hûs do helle in jongfaem....En sei tsjin d’ âlden: „Dy ha ’k naem!”En ho dat troch hjar flinkens hja,Gled mei de earste dei al saUs eigen waerde en sà nei:Dat wier ús wol in earste dei!Ef ’t ek in earste dei do wier!Dat hja yen op ’e side stie!Hjar hân dêr do yn yennes lei!En ’t „Ja” ta ’t boask mei yen do sei!—As d’ earste poppe dêr dan is,Dan is it like goed as wis,Dat men dy dei nea wer forjit,Dy dei yen faek to binnen sjit!It earste laitsjen fen yen bernUnthâldt min wol, giet nea forlern!Dêr tinkt men yet nei jierren oan,O, soks! ja, soks! unthâldt men skoan!En d’ earste wirdsjes „Mem” en „Heit,”Hwet soks yen yet nei jierren seit,Al binn’ dêr lange tiiden wei,’t Blûwt yen dochs by as hjoed de dei!Hwet ’n earste kear! do ’t sa fier kaem,Do ’t popke lytse stapkes naem,Do mem it foar it earst mei glâns,Seach stappen by de mûrre lâns!En d’ earste kear (’t lei do al fier,—’t Wier lang forlyn, goed tweintich jier),Naem ien fen ’t iis in twadden mei,En dy bleau dêrnei nea lang wei.En sont dy tiid, dy earste kear,Wier d’ earste nou gjin earste mear;Twa helten waerd’ dy earste ien:Sá hawwe do dy beiden dien.As men nei lange jierren wer——Fen ’t swalkjen warrich, hjir en dêr—Wersjocht foar it earst ’t bikinde gea,Hwer ’t men wei is: ’t forjit yen nea!It earste metten fen in frjeun,Dat is for yen fol blydskip bleauwn!As hy—hwet jierren wier forlyn,—Ris unforwacht by yen komt yn!De earste swiere gong, dy ’t minYen libben net forjitte kin,Is, as it mei in sibbe bart,Dat men nei ’t hôf dy bringe moat.Den fynt men op it âlde stéFor elts wer ’t âlde plakje ré,Wylst dy ’t men foartbrocht net komt wer,Foar ’t earst op ’t âlde plakje dêr.Sa’n earste joun forjit men net,Dan bliûwt dat hoekje unbiset;Dat komt yen ’t alderhirdste foar:Docht men de skoatel op de doar........Dy earste nacht! ’t Heal útstoarn hûs!Oer ’t grêf it earste beamtgerûs....It ta-yen-sels-kommen foar ’t earst,Soks heucht yen lang, ja! ’t alderklearst!By d’ earste gong nei ’t tsjerkhôf ’ris,As it forlyn in wike is,(Men hie forlangst en soarget ek),Dan giet yen tinken graech tobek.It earste greate ûnk, dat yenSa sear die, komt yen faek yn ’t sin;Wy witte amperoan ho ’t kaem,Do ’t ús sa bot to pakken naem!Wy sjogge op ’t lêst foar ’t earst rjucht yn,Dat lang altyd gjin sinneskyn,Mar near en tristich waer foar wis,It op ús libbenspaed faek is.

—Oan ’t earste finneblomke op ’t lân,Yn smoute fen ’e foergerân,Dat earste ljeave foarjiersbern,—Ha ringen wy ús hert forlern.

It plakje dêr wy boarten ’t earst,Dat lûkt yen jimmer wer, en ’t meast,Dat giet bilieven nea net wei,Howol ’t yen krekt mar tinke mei.

Us earste boarters fen dy tiid,Nou al forslingere wiid en siid,Derfor fiele altyd wy sa eat,Hwer dat men letter ek forkeart.

It earste frjemde skoalleskoft,Dêr mids de greate skoall’bernskloft,Komt sims yet sa fensels mar yenNei fyftich jierren wer yn ’t sin.

Yens earste lytse frijerij,Forjit men nea, bliûwt stees yen by,Do hie men sin oan oarmans bern,Yens holle hast dêrby forlern.

’t Forjit yen nea! dat heucht yen ’t meast!Ho ’t men bidêsd iens, ek foar it earst,Oan hûs do helle in jongfaem....En sei tsjin d’ âlden: „Dy ha ’k naem!”

En ho dat troch hjar flinkens hja,Gled mei de earste dei al saUs eigen waerde en sà nei:Dat wier ús wol in earste dei!

Ef ’t ek in earste dei do wier!Dat hja yen op ’e side stie!Hjar hân dêr do yn yennes lei!En ’t „Ja” ta ’t boask mei yen do sei!

—As d’ earste poppe dêr dan is,Dan is it like goed as wis,Dat men dy dei nea wer forjit,Dy dei yen faek to binnen sjit!

It earste laitsjen fen yen bernUnthâldt min wol, giet nea forlern!Dêr tinkt men yet nei jierren oan,O, soks! ja, soks! unthâldt men skoan!

En d’ earste wirdsjes „Mem” en „Heit,”Hwet soks yen yet nei jierren seit,Al binn’ dêr lange tiiden wei,’t Blûwt yen dochs by as hjoed de dei!

Hwet ’n earste kear! do ’t sa fier kaem,Do ’t popke lytse stapkes naem,Do mem it foar it earst mei glâns,Seach stappen by de mûrre lâns!

En d’ earste kear (’t lei do al fier,—’t Wier lang forlyn, goed tweintich jier),Naem ien fen ’t iis in twadden mei,En dy bleau dêrnei nea lang wei.

En sont dy tiid, dy earste kear,Wier d’ earste nou gjin earste mear;Twa helten waerd’ dy earste ien:Sá hawwe do dy beiden dien.

As men nei lange jierren wer——Fen ’t swalkjen warrich, hjir en dêr—Wersjocht foar it earst ’t bikinde gea,Hwer ’t men wei is: ’t forjit yen nea!

It earste metten fen in frjeun,Dat is for yen fol blydskip bleauwn!As hy—hwet jierren wier forlyn,—Ris unforwacht by yen komt yn!

De earste swiere gong, dy ’t minYen libben net forjitte kin,Is, as it mei in sibbe bart,Dat men nei ’t hôf dy bringe moat.

Den fynt men op it âlde stéFor elts wer ’t âlde plakje ré,Wylst dy ’t men foartbrocht net komt wer,Foar ’t earst op ’t âlde plakje dêr.

Sa’n earste joun forjit men net,Dan bliûwt dat hoekje unbiset;Dat komt yen ’t alderhirdste foar:Docht men de skoatel op de doar....

....Dy earste nacht! ’t Heal útstoarn hûs!Oer ’t grêf it earste beamtgerûs....It ta-yen-sels-kommen foar ’t earst,Soks heucht yen lang, ja! ’t alderklearst!

By d’ earste gong nei ’t tsjerkhôf ’ris,As it forlyn in wike is,(Men hie forlangst en soarget ek),Dan giet yen tinken graech tobek.

It earste greate ûnk, dat yenSa sear die, komt yen faek yn ’t sin;Wy witte amperoan ho ’t kaem,Do ’t ús sa bot to pakken naem!

Wy sjogge op ’t lêst foar ’t earst rjucht yn,Dat lang altyd gjin sinneskyn,Mar near en tristich waer foar wis,It op ús libbenspaed faek is.


Back to IndexNext