Maitiid

MaitiidBlomkes! maitiidswille!Bledsje en dinnenille,Kin hjar lot wer tille;Maertesinne oermielle,Hwet fen froastwyn trille;Wounen binne hielle,’t Wylgenpûske als gielle,Twisken ’t beamt forsjille.Sjoch dy foarse iken,Hwerfoar stoarmen brieken!Finkjes dy forstikenDêr hjar nêst; untwiekenRomte en lân en strieken,Del by iik en krieken;Smout is ’t hjir: biswiekenSkeanwaeid beamt en siikenAmper, oan dy piekenIs ’t ús nou wer blieken,Dat hja ’t grien oantrieken.En wy gyngen hinne,Dêr ’t de gealtsjes binne;Né, dy net allinne,Dy ’t w’er fine kinne.—Fen ou, dat de sinneMoat nei ’t Westen rinne,Mei de dei, bigjinneDêr rounom fendinne,Woll’ eltsjoar ôfwinne:’t Liet fen Nocht en Minne!En as wy nou earne,Troch in smoute leane,Ef it fjild trochgeane,Nou ’t hja yet net meane,Ef by ’t poelke steane,Stil is it dêr nearne,Ho ’t de skriezen fleane,Sims alhiel nei ’t skeane!Kobbe yn ’t koai-forbeane,Moaijs scil ’t al ús teane!Troch ’e hege raeijenKomme siigjes waeijen,Hwer de liepkes d’ aeijenSont in wike al laeijen.Hear dat lûd ramaeijen!Sjoch dat tûmm’ljen, draeijen!’t Ljurkje er ek delsaeijen,Mids it grien hjar flaeijen;’t Fjild yn goudgiel klaeijen,Twisken beide Maeijen!Oer de blauwe weagen,Gien’ mei wille ús eagen,Nou ’t wy dy wer seagen.Och! langlêsten reagen,De Noardeasterfleagen,Dy do mei hjar pleagen,Lein’ de sulvren breagen.Maitiidsstrielen dreagen’t lis ôf en oerteagen,’t Swanneblomme-beagen!O, hwet swiets wy rûke,Fen ’e blommetûke!’t Wol ús eagen lûke,Dêr nei eltse hoeke;’t Bloeit oan kladde en strûke,Nou ’t waer neat forbûke,’t Noard yn lang net spûke,’t Hat gjin blom forknûke;Kin ’t in fochtsje brûke,’t Waeksjen hat net stûke.

Blomkes! maitiidswille!Bledsje en dinnenille,Kin hjar lot wer tille;Maertesinne oermielle,Hwet fen froastwyn trille;Wounen binne hielle,’t Wylgenpûske als gielle,Twisken ’t beamt forsjille.

Sjoch dy foarse iken,Hwerfoar stoarmen brieken!Finkjes dy forstikenDêr hjar nêst; untwiekenRomte en lân en strieken,Del by iik en krieken;Smout is ’t hjir: biswiekenSkeanwaeid beamt en siikenAmper, oan dy piekenIs ’t ús nou wer blieken,Dat hja ’t grien oantrieken.

En wy gyngen hinne,Dêr ’t de gealtsjes binne;Né, dy net allinne,Dy ’t w’er fine kinne.—Fen ou, dat de sinneMoat nei ’t Westen rinne,Mei de dei, bigjinneDêr rounom fendinne,Woll’ eltsjoar ôfwinne:’t Liet fen Nocht en Minne!

En as wy nou earne,Troch in smoute leane,Ef it fjild trochgeane,Nou ’t hja yet net meane,Ef by ’t poelke steane,Stil is it dêr nearne,Ho ’t de skriezen fleane,Sims alhiel nei ’t skeane!Kobbe yn ’t koai-forbeane,Moaijs scil ’t al ús teane!

Troch ’e hege raeijenKomme siigjes waeijen,Hwer de liepkes d’ aeijenSont in wike al laeijen.Hear dat lûd ramaeijen!Sjoch dat tûmm’ljen, draeijen!’t Ljurkje er ek delsaeijen,Mids it grien hjar flaeijen;’t Fjild yn goudgiel klaeijen,Twisken beide Maeijen!

Oer de blauwe weagen,Gien’ mei wille ús eagen,Nou ’t wy dy wer seagen.Och! langlêsten reagen,De Noardeasterfleagen,Dy do mei hjar pleagen,Lein’ de sulvren breagen.Maitiidsstrielen dreagen’t lis ôf en oerteagen,’t Swanneblomme-beagen!

O, hwet swiets wy rûke,Fen ’e blommetûke!’t Wol ús eagen lûke,Dêr nei eltse hoeke;’t Bloeit oan kladde en strûke,Nou ’t waer neat forbûke,’t Noard yn lang net spûke,’t Hat gjin blom forknûke;Kin ’t in fochtsje brûke,’t Waeksjen hat net stûke.


Back to IndexNext