Grou

GrouGrou! ynmoai doarp, sa tsjep, sa skien,Sa’n echt Frysk doarp, soks fynt men tin.It winkt út allerfierste fierte,Sa frjeunlik ús al neijerby,Ef nou foart-earst—ef wer op nij,Us ’t Wolkom ansens sa scil hiette.In diamant yn grien en blauw,Sá liket wol ús ienich Grou,Hwer ’t wimelt hast fen boat en skippen,Nêst boerepleatsen foars en frij,Elts mei syn wettermoulne erby,Yn troppen kij, as bûnte stippen.En mids dat al stiet heech ús Grou.As boppest breed it tsjerkgebou.De toer echt-frysk nei d’ âlde moade;De trije mounlen heech en frij,Bring’ oan ’t gehiel ek hjarres by,Mei ’t hege beamt oan ’t moaije oarde.Hjir ha de eagen tige kar:Yn ’t Súden blinkt de blauwe mar,Tomiette yen mei sulv’ren weagen;Nei ’t Westen krinkelt breed de Grou,Noard-op oer ’t fjild riist d’ Aldehou,Earst komt oer ’t Wiid de Bird foar d’ eagen.Sa binn’ wy nou yn ’t rounte gien;In lytse rounreis ha wy dien.Mar scoene wy biskriûwe al ’t skiene,Al ’t moaijs sjen yn sa’n amerij,’t Echt-fryske yn dy skilderij,Hwer eindsje? siz my, hwer bigjinne?Gean ’ris in ljachte simmerdei,Yn ’t jachtsje oer ’e wetterwei,—Fen Noarden ôf—fen Earnewâlde,En stjûr dan nei de Grouster toer,De brede, kroeze wetters oer,Dan scil men Grou unthâlde!Al hien’ de greate Broerren[1]net,As Bern dêr ’t earst de foetsjes set,—De Ljue, dy ’t Grou for alle ieuwen,Great-makken ta de heechste rom,—Dochs seach men oars nei Grou ek om:Syn moaijens wie dêr om tobliûwen.Lykwols is Grou, is Grou troch hjarYet greater Grou waen, selst de mar,—Tinkt yen—rûst ljeafliker, is blauwer;Hjar Heitehûs wirdt eare erom,Dêrom bloeit op hjar terp de blom,De finneblom by ’t maitiid gauwer.[1]De Broerren Halbertsma

Grou! ynmoai doarp, sa tsjep, sa skien,Sa’n echt Frysk doarp, soks fynt men tin.It winkt út allerfierste fierte,Sa frjeunlik ús al neijerby,Ef nou foart-earst—ef wer op nij,Us ’t Wolkom ansens sa scil hiette.

In diamant yn grien en blauw,Sá liket wol ús ienich Grou,Hwer ’t wimelt hast fen boat en skippen,Nêst boerepleatsen foars en frij,Elts mei syn wettermoulne erby,Yn troppen kij, as bûnte stippen.

En mids dat al stiet heech ús Grou.As boppest breed it tsjerkgebou.De toer echt-frysk nei d’ âlde moade;De trije mounlen heech en frij,Bring’ oan ’t gehiel ek hjarres by,Mei ’t hege beamt oan ’t moaije oarde.

Hjir ha de eagen tige kar:Yn ’t Súden blinkt de blauwe mar,Tomiette yen mei sulv’ren weagen;Nei ’t Westen krinkelt breed de Grou,Noard-op oer ’t fjild riist d’ Aldehou,Earst komt oer ’t Wiid de Bird foar d’ eagen.

Sa binn’ wy nou yn ’t rounte gien;In lytse rounreis ha wy dien.Mar scoene wy biskriûwe al ’t skiene,Al ’t moaijs sjen yn sa’n amerij,’t Echt-fryske yn dy skilderij,Hwer eindsje? siz my, hwer bigjinne?

Gean ’ris in ljachte simmerdei,Yn ’t jachtsje oer ’e wetterwei,—Fen Noarden ôf—fen Earnewâlde,En stjûr dan nei de Grouster toer,De brede, kroeze wetters oer,Dan scil men Grou unthâlde!

Al hien’ de greate Broerren[1]net,As Bern dêr ’t earst de foetsjes set,—De Ljue, dy ’t Grou for alle ieuwen,Great-makken ta de heechste rom,—Dochs seach men oars nei Grou ek om:Syn moaijens wie dêr om tobliûwen.

Lykwols is Grou, is Grou troch hjarYet greater Grou waen, selst de mar,—Tinkt yen—rûst ljeafliker, is blauwer;Hjar Heitehûs wirdt eare erom,Dêrom bloeit op hjar terp de blom,De finneblom by ’t maitiid gauwer.

[1]De Broerren Halbertsma


Back to IndexNext