Hjerstmoarn

HjerstmoarnO ljeaflike Hjerstmoarn ho aeijste,It blomke út ’e sliep yn it hôf!Ho myld en frisk lykwols dû waeijste,Oer ’t dauwige fjild fen ’t East ôf.Ho stekt nou it lytse blomknopke,Dat oan ’t hjoed ta bloeijen ’t net brocht—Ut bledsjes ’t reafallige kopke,Fol langstme nei waermte en nei ljocht!Ho spilet troch ’t leaf fen ’e reiden,It moarnsliet fol wille en fol lokFen ’t reidmoskje en boppe de greiden,It ljurkje sa heech en sa drok!Ho laeitsje ús fen fierrens tomiette,Eft hien’ wy fen alles frij kar,’t Reawangige goud fol ynswiette,Fen rypjende apel en par.Ho goudgiel it nôt op ’e lânnen,Der ’t blêkrjend de sinne oer leit;Ho skrippe de warbere hânnen,Yn rogge al, yn hjouwer en weit.Ho bol binn’ de wyntsjes dy ’t waeije,Troch ’t linebeamtlof, tsjok yn ’t blêd;Ho bringe s’ ús, hwer se yet haeije,De hearook tomiette fen ’t mêd.O, tankber for ’t moaije en for ’t goede,Is ’t hert ús fen romjen sa fol!Hwat binn’ wy sa’n dei woltomoede,Ho is ’t ús dan alles sa wol!

O ljeaflike Hjerstmoarn ho aeijste,It blomke út ’e sliep yn it hôf!Ho myld en frisk lykwols dû waeijste,Oer ’t dauwige fjild fen ’t East ôf.

Ho stekt nou it lytse blomknopke,Dat oan ’t hjoed ta bloeijen ’t net brocht—Ut bledsjes ’t reafallige kopke,Fol langstme nei waermte en nei ljocht!

Ho spilet troch ’t leaf fen ’e reiden,It moarnsliet fol wille en fol lokFen ’t reidmoskje en boppe de greiden,It ljurkje sa heech en sa drok!

Ho laeitsje ús fen fierrens tomiette,Eft hien’ wy fen alles frij kar,’t Reawangige goud fol ynswiette,Fen rypjende apel en par.

Ho goudgiel it nôt op ’e lânnen,Der ’t blêkrjend de sinne oer leit;Ho skrippe de warbere hânnen,Yn rogge al, yn hjouwer en weit.

Ho bol binn’ de wyntsjes dy ’t waeije,Troch ’t linebeamtlof, tsjok yn ’t blêd;Ho bringe s’ ús, hwer se yet haeije,De hearook tomiette fen ’t mêd.

O, tankber for ’t moaije en for ’t goede,Is ’t hert ús fen romjen sa fol!Hwat binn’ wy sa’n dei woltomoede,Ho is ’t ús dan alles sa wol!


Back to IndexNext