SimmerSa strieljend de sinne, sa ynblau de loft,Sa sêft-syljend jinsen dy aerdige kloft,Fen wolkjes mei goudene wjukken!Ho yngrien it beamte, ho tsjok dêr it skaed,Ho koel is ’t en fris der en ho ’t it ús laedtYn ’t tsjuster fen blêd en fen tokken!Ho pronkje de blommen yn wyt en yn rea,Yn blau en yn poarper en giel troch hiel ’t gea,Hja lizze op it wyntsje to soeijen;De roaskes dy rekke hjar blomkopkes út,Hjar blijreade bledsjes, dy lokken it Súd,Nou stiene se om middei to bloeijen.Ho lekker it jinsen fen ’t flearboskje komt!Ho drok it fen bijkes yn ’t linebeamt’ bromt!Hja skrippe, tôgje oan for de winter!Sjoch! krekt ef sweeft dêrre in losmakke blom!Dy wjukkelt fen blomtún ta blomtún sa om!In siden flewieltsje as flinter!To rypjen yn heldere fierte, leit ’t sied,En inkeld klinkt dêr den it ljeaflike liet,Fen ’t sjongerke út ’e strúwellen;Oars is it hiel stil, hwent it wyntsje dat slept,En boartsjend oer ’t haeilân gjin twirke him rept,Dat wei wirdt mei ’n stik mennich tellen.Oer ’t fjild wirdt it jounich, it sintsje sinkt leech,En wekker wirdt ’t Noarden, de wolkjes gien’ heech,Fen ’t miedlân komt heaswiete amme;De fûgeltjes allegear helje wer op,It wyntsje rûst jounsangkjes heech yn ’e kop,Troch ’t sulver fen d’ âld wylgene stamme.
Sa strieljend de sinne, sa ynblau de loft,Sa sêft-syljend jinsen dy aerdige kloft,Fen wolkjes mei goudene wjukken!Ho yngrien it beamte, ho tsjok dêr it skaed,Ho koel is ’t en fris der en ho ’t it ús laedtYn ’t tsjuster fen blêd en fen tokken!
Ho pronkje de blommen yn wyt en yn rea,Yn blau en yn poarper en giel troch hiel ’t gea,Hja lizze op it wyntsje to soeijen;De roaskes dy rekke hjar blomkopkes út,Hjar blijreade bledsjes, dy lokken it Súd,Nou stiene se om middei to bloeijen.
Ho lekker it jinsen fen ’t flearboskje komt!Ho drok it fen bijkes yn ’t linebeamt’ bromt!Hja skrippe, tôgje oan for de winter!Sjoch! krekt ef sweeft dêrre in losmakke blom!Dy wjukkelt fen blomtún ta blomtún sa om!In siden flewieltsje as flinter!
To rypjen yn heldere fierte, leit ’t sied,En inkeld klinkt dêr den it ljeaflike liet,Fen ’t sjongerke út ’e strúwellen;Oars is it hiel stil, hwent it wyntsje dat slept,En boartsjend oer ’t haeilân gjin twirke him rept,Dat wei wirdt mei ’n stik mennich tellen.
Oer ’t fjild wirdt it jounich, it sintsje sinkt leech,En wekker wirdt ’t Noarden, de wolkjes gien’ heech,Fen ’t miedlân komt heaswiete amme;De fûgeltjes allegear helje wer op,It wyntsje rûst jounsangkjes heech yn ’e kop,Troch ’t sulver fen d’ âld wylgene stamme.