MaitiidsjounSêft komt de stille maitiidsjoun,Fen ’t gouden Westen wei;Myld strykt in wyntsje oer ’e groun,As lêste amme fen ’e dei,En seit elts blomke Goedenjoun!Hja ha de hiele dei trochbloeid,En binne warch op ’t lêst;Hwet ha se hjoed mei ’t wyntsje djoeit!Nou foelen s’ yn ’e swiete rêst:It Súd hat hjar yn ’t sliepke soeit.—De klyster song út fiere fiert’,For hjar syn widzeliet;En nou ’t hja sliepe sjongt hy yet,Troch hiel it gea syn jounsang giet,Mei hwa ’t gjin sjonger oars him miet.Nou spraedt de bleke skimerjoun,Syn wollen tekkens út,Fen wite dauwe fier yn ’t roun,Bistoppet gêrske, blomt en sprút,Elts herntsje en hoekje fen ’e groun.De stjerren kamen, ien foar ien,De jounstjer foarst, foarút.En sein’: sjesa! dat is goed dien,Wy weitsje erby yet ta bislút,Krekt as wy ’t sels bioard’re hien’.Ho fredich leit dêr alles nou,Yn djippe slom en rêst,Stil under ’t hege himmelsblau!Gjin noed, gjin soargen en gjin lêst,Brekt foar in amerij soks ou.—
Sêft komt de stille maitiidsjoun,Fen ’t gouden Westen wei;Myld strykt in wyntsje oer ’e groun,As lêste amme fen ’e dei,En seit elts blomke Goedenjoun!
Hja ha de hiele dei trochbloeid,En binne warch op ’t lêst;Hwet ha se hjoed mei ’t wyntsje djoeit!Nou foelen s’ yn ’e swiete rêst:It Súd hat hjar yn ’t sliepke soeit.—
De klyster song út fiere fiert’,For hjar syn widzeliet;En nou ’t hja sliepe sjongt hy yet,Troch hiel it gea syn jounsang giet,Mei hwa ’t gjin sjonger oars him miet.
Nou spraedt de bleke skimerjoun,Syn wollen tekkens út,Fen wite dauwe fier yn ’t roun,Bistoppet gêrske, blomt en sprút,Elts herntsje en hoekje fen ’e groun.
De stjerren kamen, ien foar ien,De jounstjer foarst, foarút.En sein’: sjesa! dat is goed dien,Wy weitsje erby yet ta bislút,Krekt as wy ’t sels bioard’re hien’.
Ho fredich leit dêr alles nou,Yn djippe slom en rêst,Stil under ’t hege himmelsblau!Gjin noed, gjin soargen en gjin lêst,Brekt foar in amerij soks ou.—