Skimerjoun

SkimerjounNou ’t sa nei skimerjounAl njonkenlytsen roun,Giet mei ’t ljocht fen ’e dei,Yet mennich oars ek wei.De moed dy giet er út,Stil wirdt men ta bislút,Gjin lûdens, gjin gerop,Wy binne sahwet op.Men swijt nou ljeaver ’ris,As dat men praetsk mear is.It lichem wol op ’t lêst,Nou stilte, fréde en rêst.Natúr, dy giet yen foar,Mei ’t ien sawol as ’t oar.Dy is de drokte ek sêd,It fûgelt giet op bêd,De sinne is al lang wei,It skimert yet hwet nei;En hiel de dei fen hjoed,Mei al syn goed en tsjoed,Dy litte w’ efter ús,Mar tinke yn ús klús,Ha’ wy ús sels goed ward?Hwet is dêr mei ús bard?Wy freegje ús sels ek nou,Yn d’ iensumheit ’ris ou,Is ’t aerdich, skiklyk gien?Ha wy ús plicht goed dien?Koe it mei hjoed der lâns?Waerd’n wy ek hwet mear mâns?Yn hwet yens plicht ús seit?To witen, ho ’t nou leit,Is wol hwet fen bilang,Hwent as wy ús gjin twang,Oplizze wolle net,Dan leau ’k net, dat men ’t redt,Ta echte betterskip,Dat jowt dan net in drip.’t Is goed, dat w’ eltse joun,Us sels wer ’ris ha foun,Soks is foaral net kwea,Docht siker ús gjin skea.

Nou ’t sa nei skimerjounAl njonkenlytsen roun,Giet mei ’t ljocht fen ’e dei,Yet mennich oars ek wei.De moed dy giet er út,Stil wirdt men ta bislút,Gjin lûdens, gjin gerop,Wy binne sahwet op.Men swijt nou ljeaver ’ris,As dat men praetsk mear is.It lichem wol op ’t lêst,Nou stilte, fréde en rêst.Natúr, dy giet yen foar,Mei ’t ien sawol as ’t oar.Dy is de drokte ek sêd,It fûgelt giet op bêd,De sinne is al lang wei,It skimert yet hwet nei;En hiel de dei fen hjoed,Mei al syn goed en tsjoed,Dy litte w’ efter ús,Mar tinke yn ús klús,Ha’ wy ús sels goed ward?Hwet is dêr mei ús bard?Wy freegje ús sels ek nou,Yn d’ iensumheit ’ris ou,Is ’t aerdich, skiklyk gien?Ha wy ús plicht goed dien?Koe it mei hjoed der lâns?Waerd’n wy ek hwet mear mâns?Yn hwet yens plicht ús seit?To witen, ho ’t nou leit,Is wol hwet fen bilang,Hwent as wy ús gjin twang,Oplizze wolle net,Dan leau ’k net, dat men ’t redt,Ta echte betterskip,Dat jowt dan net in drip.’t Is goed, dat w’ eltse joun,Us sels wer ’ris ha foun,Soks is foaral net kwea,Docht siker ús gjin skea.


Back to IndexNext