Chapter 2

Oan de Sjongster.Dû sjongster, dy’t yn d’ iere moarntiids-skoftenMy wekkest mei in sêft en treastlik liet,Hwaens suver lûd is lyk it ljocht genietFen strielen út de jounske wolken-kloften—Nou hear myn bea: hâld klear myn siele-loftenWiid as de wrâld hweroer hjar bôge stiet,En lit dyn ljocht, det glimket lyk it wiet,My streakje mei syn stream fen sang-geroften.Jow my de moed myn holle heech to dragenOm’t ik dyn seine wis en sillich wit;Jow oan myn liet it ljochtsjen fen de dage,Dy’t minlik glimket mar dochs mear ûnthjit;En jow my rêst, ho ’t rûzich libben klage,De stille laits dy’t nea dyn each forlit.

Oan de Sjongster.

Dû sjongster, dy’t yn d’ iere moarntiids-skoftenMy wekkest mei in sêft en treastlik liet,Hwaens suver lûd is lyk it ljocht genietFen strielen út de jounske wolken-kloften—

Nou hear myn bea: hâld klear myn siele-loftenWiid as de wrâld hweroer hjar bôge stiet,En lit dyn ljocht, det glimket lyk it wiet,My streakje mei syn stream fen sang-geroften.

Jow my de moed myn holle heech to dragenOm’t ik dyn seine wis en sillich wit;

Jow oan myn liet it ljochtsjen fen de dage,Dy’t minlik glimket mar dochs mear ûnthjit;

En jow my rêst, ho ’t rûzich libben klage,De stille laits dy’t nea dyn each forlit.


Back to IndexNext