Chapter 3

Op myn fersen.Ik sjong myn liet by ’t glânzgjen fen de joun,Yn stille mymring wei. Hwa’t my net kenneScil ’t faken min forstean—myn sang is berneYn ’t djipst fen ’t hert en hat dêr foarmen foun.’t Hat hiel myn jonkheit yn. Hwet ik my wounOan ljeafde en moais en leed, ik útre it jerne—’k Mei min dy ljue dy’t yn in dûnkre herneIn heimnis ha, dy’t hiel hjar útring boun.En freget men it foardiel fen dit sjongen,’k Forskamje my en swij. Ik neamde bleatHwet tinzen yn myn herte om lûden twongen,Mar ’k hle gjin doel dêrmei. Myn siel’ forgeatTofolle d’ ierd, do’t dizz’ meldijen songen:Hja sizze inklen alles, follen neat.

Op myn fersen.

Ik sjong myn liet by ’t glânzgjen fen de joun,Yn stille mymring wei. Hwa’t my net kenneScil ’t faken min forstean—myn sang is berneYn ’t djipst fen ’t hert en hat dêr foarmen foun.

’t Hat hiel myn jonkheit yn. Hwet ik my wounOan ljeafde en moais en leed, ik útre it jerne—’k Mei min dy ljue dy’t yn in dûnkre herneIn heimnis ha, dy’t hiel hjar útring boun.

En freget men it foardiel fen dit sjongen,’k Forskamje my en swij. Ik neamde bleatHwet tinzen yn myn herte om lûden twongen,

Mar ’k hle gjin doel dêrmei. Myn siel’ forgeatTofolle d’ ierd, do’t dizz’ meldijen songen:Hja sizze inklen alles, follen neat.


Back to IndexNext