III.

III.Mar om dyn holle wier in krâns’ dy’t ljochte,En oer dyn antlit laei de glâns fen rêst;Sa gyngst myn grize leanen troch, en nêstMy stiest, en seinest my, de hjerst-bitochte.Myn dreamen, dy’t aloan dyn eagen sochten,Binne yn dyn wijinge op hjar rykst en bêst,En glânzgje fen in wûndre glâns, dy’t fêstDyn mylde loaitsen oer hjar earmens brochten.Ik wier in bern det troch de hjerstjoun roun,Yn bidlersklean, de koartsgloede op de wangen;Dou kaemst, in prins sa ryk, yn seine stounEn twongst it sike bern om liet en sangen—En mijen song it, sòng ’t: fen ien dy’t foun,Fen ien dy’t joech hwernei it tiden lange.

Mar om dyn holle wier in krâns’ dy’t ljochte,En oer dyn antlit laei de glâns fen rêst;Sa gyngst myn grize leanen troch, en nêstMy stiest, en seinest my, de hjerst-bitochte.

Myn dreamen, dy’t aloan dyn eagen sochten,Binne yn dyn wijinge op hjar rykst en bêst,En glânzgje fen in wûndre glâns, dy’t fêstDyn mylde loaitsen oer hjar earmens brochten.

Ik wier in bern det troch de hjerstjoun roun,Yn bidlersklean, de koartsgloede op de wangen;

Dou kaemst, in prins sa ryk, yn seine stounEn twongst it sike bern om liet en sangen—

En mijen song it, sòng ’t: fen ien dy’t foun,Fen ien dy’t joech hwernei it tiden lange.


Back to IndexNext