III.

III.Ik wit, Jy tinke hjoed om him, hwaens each,Ienris ús ljeafste treast, tobriek yn lijen,Jins man, myn Heit—de nacht bigloep him mijenEn diek him hoeden mei hjar deadlik reach.’k Hear yet syn stimme, yet syn trêd; ho teachHy sterk en fêst oer ’t skymrich paed! Yn swijenDroech hy syn leed, yn krêft oerwoun er ’t lijen—Hy rêstgje sêft, dy’t fen ús ierde teach.Mar sjuch, hy is yn my wer riisd. Syn bernHat fen syn geast, is skepen nei syn byld,En hwet forstoar, riist nei it ljocht omhegen.Sa bliuwt syn ljeafde en wêzen ús biskern,En ’t is, as gean wy dêr’t in hoedzjend skyldUs wegen dekt, lyk wy bitrouwend fregen.

Ik wit, Jy tinke hjoed om him, hwaens each,Ienris ús ljeafste treast, tobriek yn lijen,Jins man, myn Heit—de nacht bigloep him mijenEn diek him hoeden mei hjar deadlik reach.

’k Hear yet syn stimme, yet syn trêd; ho teachHy sterk en fêst oer ’t skymrich paed! Yn swijenDroech hy syn leed, yn krêft oerwoun er ’t lijen—Hy rêstgje sêft, dy’t fen ús ierde teach.

Mar sjuch, hy is yn my wer riisd. Syn bernHat fen syn geast, is skepen nei syn byld,En hwet forstoar, riist nei it ljocht omhegen.

Sa bliuwt syn ljeafde en wêzen ús biskern,En ’t is, as gean wy dêr’t in hoedzjend skyldUs wegen dekt, lyk wy bitrouwend fregen.


Back to IndexNext