II.Hwet wie de jountiid skier en wiet to fielen,Do’t ik yet ienlik gyng, fen hoopjen sêd;Yn ’t giele moas sonk wirch myn swiere trêd,Ik bea om rêst for myn fordoarme siele.De blêdden riss’len nêst my, stadich, têd,Wolkens fen leaf, nea glânzgjende yn de strielen;Ik seach de geasten dy’t myn lieten stielen,Bigearte en Dea, dêr dounsjen, wyld en rêd.In fiere stream moarmle op syn greatske paden,Dy’t nea net swige en nearne yn ’t neat fordwoun—En nêst my húvren wiete, núvre skadenTowile it leaf him ta myn deakrâns’ woun,Mar nearne it blomte wyt, en nea de sadenDêr’t sjongsum ’t wiet omhegen riisde en roun.
Hwet wie de jountiid skier en wiet to fielen,Do’t ik yet ienlik gyng, fen hoopjen sêd;Yn ’t giele moas sonk wirch myn swiere trêd,Ik bea om rêst for myn fordoarme siele.
De blêdden riss’len nêst my, stadich, têd,Wolkens fen leaf, nea glânzgjende yn de strielen;Ik seach de geasten dy’t myn lieten stielen,Bigearte en Dea, dêr dounsjen, wyld en rêd.
In fiere stream moarmle op syn greatske paden,Dy’t nea net swige en nearne yn ’t neat fordwoun—
En nêst my húvren wiete, núvre skadenTowile it leaf him ta myn deakrâns’ woun,
Mar nearne it blomte wyt, en nea de sadenDêr’t sjongsum ’t wiet omhegen riisde en roun.