IX.

IX.Detst moai en foarstlik wierst, ik wist it langSûnt ik dy gean seach, laitsjend mids dyn blommen;Unthjit wier my dyn wird en lok dyn kommen,Eden dyn tún mei roaze en geale-klang.As yn dyn eagen blide dreamen glommenEn dû myn twivel naemst mei sêfte twang,Den siet ik biddend del en wist gjin sangDy’t nei fortsjinst dyn rike wûnders romme.Mar nou’st myn soargen nimst en al myn noedenOp egen skouders draechst, sa bliid, as gjitDyn foet nou dêr’t hjar ljochte krêften stjûrden,Gin det ik nou myn tankbrens rûzje lit,Dy ivich by my hâld yn krêft’ge hoedeEn troanjend nêst dyn hege ljocht-steat sit.

Detst moai en foarstlik wierst, ik wist it langSûnt ik dy gean seach, laitsjend mids dyn blommen;Unthjit wier my dyn wird en lok dyn kommen,Eden dyn tún mei roaze en geale-klang.

As yn dyn eagen blide dreamen glommenEn dû myn twivel naemst mei sêfte twang,Den siet ik biddend del en wist gjin sangDy’t nei fortsjinst dyn rike wûnders romme.

Mar nou’st myn soargen nimst en al myn noedenOp egen skouders draechst, sa bliid, as gjitDyn foet nou dêr’t hjar ljochte krêften stjûrden,

Gin det ik nou myn tankbrens rûzje lit,Dy ivich by my hâld yn krêft’ge hoedeEn troanjend nêst dyn hege ljocht-steat sit.


Back to IndexNext