X.

X.In bleke gloede leit oer ’t slomjend wâld,Dêr’t sêft de jounwyn núndret, frjemd-allinne,En ’t swijsum beamte is timplich nou’t de sinneFen silvren nacht riist yn hjar blank biwâld,Dochs is hjar egen skyn mar deadsk en kâld;Gjin weach noch beam scoe hja oerstrielje kinneAs ’t deiljocht net út d’ oerfloed fen syn minneHjar glâns joech, dy’t de siele yn mymring hâldtSa frjeonen, as der glâns is yn myn eagenDy’t jim bitsjoent en treastget nei de tiidDet d’ ûren fen de dei yn fjûr forteagen,Wit, ’t is mar liende glâns fen hjar, dy’t swiidMyn siele wijt ta dreamen as de reagenBleek sigende út it fiere silvrich wiid.

In bleke gloede leit oer ’t slomjend wâld,Dêr’t sêft de jounwyn núndret, frjemd-allinne,En ’t swijsum beamte is timplich nou’t de sinneFen silvren nacht riist yn hjar blank biwâld,

Dochs is hjar egen skyn mar deadsk en kâld;Gjin weach noch beam scoe hja oerstrielje kinneAs ’t deiljocht net út d’ oerfloed fen syn minneHjar glâns joech, dy’t de siele yn mymring hâldt

Sa frjeonen, as der glâns is yn myn eagenDy’t jim bitsjoent en treastget nei de tiidDet d’ ûren fen de dei yn fjûr forteagen,

Wit, ’t is mar liende glâns fen hjar, dy’t swiidMyn siele wijt ta dreamen as de reagenBleek sigende út it fiere silvrich wiid.


Back to IndexNext