TRIJE LYTSE RIGEN.

TRIJE LYTSE RIGEN.

OAN IN FRJEON.I.Dêr’t ûnder bûgend wâld in wjitt’ring klearMids blomte en snilen streamt, hast toeve yn dreamen;Stil weven glinsters oer dyn hier; de seamenFen reid oan d’ oere rûzen bliid en tear.Sims hast dy bûgd en delsjoen yn de streamenDêr’t hiel in wrâld him yn syn dream forlear;Dyn antlit, yn de goud-stream blank en tear,Wier glinzich fen in langstme, nea to neamen.Do is de faem Idoena glimkjend gienEn hat hjar bûgd, sêft oer dyn skouders hinne,En yn de wjitt’ring seachstû nêst dy ienSa goed en myld, as nea gjin minsken binne...Forheard seachst op. Hja wier yn beamt fordwounEn inkeld rûze in lústrjen ’t wâld yn ’t roun.

Dêr’t ûnder bûgend wâld in wjitt’ring klearMids blomte en snilen streamt, hast toeve yn dreamen;Stil weven glinsters oer dyn hier; de seamenFen reid oan d’ oere rûzen bliid en tear.

Sims hast dy bûgd en delsjoen yn de streamenDêr’t hiel in wrâld him yn syn dream forlear;Dyn antlit, yn de goud-stream blank en tear,Wier glinzich fen in langstme, nea to neamen.

Do is de faem Idoena glimkjend gienEn hat hjar bûgd, sêft oer dyn skouders hinne,En yn de wjitt’ring seachstû nêst dy ienSa goed en myld, as nea gjin minsken binne...

Forheard seachst op. Hja wier yn beamt fordwounEn inkeld rûze in lústrjen ’t wâld yn ’t roun.


Back to IndexNext