V.

V.’t Liet wier myn maet de dûnkre rûz’ge jounenDo’t Winter flokkend bounze op iizren doar;De heard ljochte op yn giel en read; in gloarSkeat oer de flier, dêr’t stille skaden rounen.Nachts bûgden Dreamen oer myn bêd, en wounenMy núndrjend griene krânsen yn it hier;Den wier ’t my goed ef ’t al wer Maitiid wier,En ’k dreamde fen ús giene ljeafde-jounen.Mar och, de dagen, wirch, lang, feal en skier!Hjar ûren klibben oan myn klean, hja woeneNet wei fen my, hja krieten drôf en swier;En dû wierst my ûntdreaun; myn tinzen koeneDyn fiere dreamen net forstean; it wierEft ek dyn eagen ’t ljocht forlieze scoene.

’t Liet wier myn maet de dûnkre rûz’ge jounenDo’t Winter flokkend bounze op iizren doar;De heard ljochte op yn giel en read; in gloarSkeat oer de flier, dêr’t stille skaden rounen.

Nachts bûgden Dreamen oer myn bêd, en wounenMy núndrjend griene krânsen yn it hier;Den wier ’t my goed ef ’t al wer Maitiid wier,En ’k dreamde fen ús giene ljeafde-jounen.

Mar och, de dagen, wirch, lang, feal en skier!Hjar ûren klibben oan myn klean, hja woeneNet wei fen my, hja krieten drôf en swier;

En dû wierst my ûntdreaun; myn tinzen koeneDyn fiere dreamen net forstean; it wierEft ek dyn eagen ’t ljocht forlieze scoene.


Back to IndexNext