VIII.Mar ek: lûd droan’t it bûtsend wiet en ’t âll’tFen stoarm, opkrôljend yn de kopp’ge weagen,En ’t grize brûs stout yn stoarm’ge reagenOer ’t grienjend wiet, det swolmich riist en falt;Ien sé fen stoarmge dûnkrens ’t swirk—oer al ’tWiid loftrom grous’me wolkens, dy’t de fleagenDwylsinnich, wyld fen leed, toropje, as teagenDead’s feinten oer it djip, det kroan’t en gâll’t.As wiid en loft bin wy by stoarm’gens ienSa goed as hwen oer d’ ierde Maitiid njuentet—Skielk is de stoarm wer krêftleas lune en gienEn oer it wiet giet wer it liet, det ljuentet:Wyls riist heech oan dyn loft in goud’ne gloedDy’t ljocht en laits myld oer myn weagen stjûrt.
Mar ek: lûd droan’t it bûtsend wiet en ’t âll’tFen stoarm, opkrôljend yn de kopp’ge weagen,En ’t grize brûs stout yn stoarm’ge reagenOer ’t grienjend wiet, det swolmich riist en falt;
Ien sé fen stoarmge dûnkrens ’t swirk—oer al ’tWiid loftrom grous’me wolkens, dy’t de fleagenDwylsinnich, wyld fen leed, toropje, as teagenDead’s feinten oer it djip, det kroan’t en gâll’t.
As wiid en loft bin wy by stoarm’gens ienSa goed as hwen oer d’ ierde Maitiid njuentet—Skielk is de stoarm wer krêftleas lune en gienEn oer it wiet giet wer it liet, det ljuentet:
Wyls riist heech oan dyn loft in goud’ne gloedDy’t ljocht en laits myld oer myn weagen stjûrt.