VIII.

VIII.Kom mei my, kom! De wirge minsken teagen.Sêft giet de wyn oer ’t leaf en laket stil,It wetter rûzet sêft, in tear getrilFen silvren glâns gliidt oer de rêst’ge weagen.Ik hear gjin inkeld liet, gjin lûd det skrilDe frede brekt, en tink om dream noch ljeagen;Ik sjuch dy djip yn dyn fortreastgjende eagen,Eft nea de nocht fen ljeavjen eingje scil.Dou bist sa goed, en scilst mei ljeafde heareHwet ik dy freegje, bliid en stil bidêst,En scilst fen my gjin ûnwier wird bigeare.Ik siet en skriemde stil, mar ’t hat my west,Do’t ik dy seach, as koe ’k myn wea forneare;Kom mei my, kom, nou’t d’ ierde glimkjend rêst.

Kom mei my, kom! De wirge minsken teagen.Sêft giet de wyn oer ’t leaf en laket stil,It wetter rûzet sêft, in tear getrilFen silvren glâns gliidt oer de rêst’ge weagen.

Ik hear gjin inkeld liet, gjin lûd det skrilDe frede brekt, en tink om dream noch ljeagen;Ik sjuch dy djip yn dyn fortreastgjende eagen,Eft nea de nocht fen ljeavjen eingje scil.

Dou bist sa goed, en scilst mei ljeafde heareHwet ik dy freegje, bliid en stil bidêst,En scilst fen my gjin ûnwier wird bigeare.

Ik siet en skriemde stil, mar ’t hat my west,Do’t ik dy seach, as koe ’k myn wea forneare;Kom mei my, kom, nou’t d’ ierde glimkjend rêst.


Back to IndexNext