VII.Dou waerdst my einleas ljeaf: ik koe dy neameMei noegjend liet yn d’ ûre fen myn dea,En nêst dy gean oer greide en neaken gea,En fen dy skaet, dochs ivich fen dy dreame.’t Is wier, dou bist gjin bern, det by de streamenFornoege djoeit om blommegiel en -rea,Gjin faem, dy treastgje wol myn treastleas wea,Dou bist gjin geast by poarpren wolkenseamen...Hja neame dy gewoan, en my hwet bjuster:Hja binne ûnwiis, en for myn langjend eachBloeit der in ljocht, en wykt it deade-tsjuster.O ho’t de wrâld mei al hjar witnis leach!Dou bist sa treastlik lyk in ljeave sister,In blom sa myld, sa wiksljend as in weach.
Dou waerdst my einleas ljeaf: ik koe dy neameMei noegjend liet yn d’ ûre fen myn dea,En nêst dy gean oer greide en neaken gea,En fen dy skaet, dochs ivich fen dy dreame.
’t Is wier, dou bist gjin bern, det by de streamenFornoege djoeit om blommegiel en -rea,Gjin faem, dy treastgje wol myn treastleas wea,Dou bist gjin geast by poarpren wolkenseamen...
Hja neame dy gewoan, en my hwet bjuster:Hja binne ûnwiis, en for myn langjend eachBloeit der in ljocht, en wykt it deade-tsjuster.
O ho’t de wrâld mei al hjar witnis leach!Dou bist sa treastlik lyk in ljeave sister,In blom sa myld, sa wiksljend as in weach.