VII.

VII.As mêd de jountiid leit oer daujend geaEn ’t lânfolts nei de klinten teach, en tearOer d’ iepen mieden klinkt, forkleare en hear,It silvren let fen stille jountiids-bea,Den riis ik tankjend op fen ’t rûkend heaEn jow my nei it tsjerkje ta, dêr’t klearIt Angelus út weiklonk, God ta ear’,En ’k wit, ’k bin lyts en dochs wier ’k greater nea.En yn de hern’ dêr’t troch biskildre glêsIt ljocht as bloed falt op in stien-blank krús,Dêr knibblje ik del en stamm’rje in tankjend wird.Him staette yn ’t hert de wrede wrâld hjar mêsEn Hy forjoech ’t... En ’k longrje nei it thúsDêr’t Him en hiel Syn foltsen heil bean wirdt.

As mêd de jountiid leit oer daujend geaEn ’t lânfolts nei de klinten teach, en tearOer d’ iepen mieden klinkt, forkleare en hear,It silvren let fen stille jountiids-bea,

Den riis ik tankjend op fen ’t rûkend heaEn jow my nei it tsjerkje ta, dêr’t klearIt Angelus út weiklonk, God ta ear’,En ’k wit, ’k bin lyts en dochs wier ’k greater nea.

En yn de hern’ dêr’t troch biskildre glêsIt ljocht as bloed falt op in stien-blank krús,Dêr knibblje ik del en stamm’rje in tankjend wird.

Him staette yn ’t hert de wrede wrâld hjar mêsEn Hy forjoech ’t... En ’k longrje nei it thúsDêr’t Him en hiel Syn foltsen heil bean wirdt.


Back to IndexNext