V.

V.De Maitiid kaem: ik haw myn keamer sletten,Hwent mei de minsken gyngste en glimkest, bliid;For my wier ljeafde dea en hiel de tiidDo’t alles nij waerd neffens iiv’ge wetten.It jier waerd ryp, en oan de jounloft blettenDe wolkens roazich-rea; de wrâld stie swiidTo prieljen yn it pronkjend ljocht—en NiidEn Hate en Hjerst haw ik earst do forgetten.Oktober glimke kâld, myn ljeafde bloeideEn woechs al krêft’ger tsjin it friezen yn,Hwent yn dyn eagen fielde ik fjûr, det gloeide.Nou soargje ik skielk for dy, en d’ iizge wynWykt krêftleas for de moed, dy’t yn my groeide;—It dûrret lang, ear’t ik dyn ljeafde fyn.

De Maitiid kaem: ik haw myn keamer sletten,Hwent mei de minsken gyngste en glimkest, bliid;For my wier ljeafde dea en hiel de tiidDo’t alles nij waerd neffens iiv’ge wetten.

It jier waerd ryp, en oan de jounloft blettenDe wolkens roazich-rea; de wrâld stie swiidTo prieljen yn it pronkjend ljocht—en NiidEn Hate en Hjerst haw ik earst do forgetten.

Oktober glimke kâld, myn ljeafde bloeideEn woechs al krêft’ger tsjin it friezen yn,Hwent yn dyn eagen fielde ik fjûr, det gloeide.

Nou soargje ik skielk for dy, en d’ iizge wynWykt krêftleas for de moed, dy’t yn my groeide;—It dûrret lang, ear’t ik dyn ljeafde fyn.


Back to IndexNext