XII.Ik kaem en riisde, in stjerre yn neinacht-moarnAs dizen bleek it wirge mêd oerdriuwe;Myn glâns is klear en wyt fen dream, hjar kliuwenIs strieljend as it stiente út kenings-kroan’.Men wijt hjar liet en bea, en ropt hjar oanAs scoe hjar ryk de tiid dy’t fljucht oerbliuwe—Skielk riist de Dage en oer syn haed scil wiuweIt poarper, fâldzjend út syn goud’ne troan.Den is myn dreame-glâns as raend en wei,En júbljend scil dit folk in kening earjeHwaens ljochtsjend each oerglânzget moarn en dei,Net ien mear kinmynstjerre it paed forklearje...Net ien as dy. Hwent heech, ús sinne ûntdreaun,Bist nei myn greatre sinne langjend kleaun.
Ik kaem en riisde, in stjerre yn neinacht-moarnAs dizen bleek it wirge mêd oerdriuwe;Myn glâns is klear en wyt fen dream, hjar kliuwenIs strieljend as it stiente út kenings-kroan’.
Men wijt hjar liet en bea, en ropt hjar oanAs scoe hjar ryk de tiid dy’t fljucht oerbliuwe—Skielk riist de Dage en oer syn haed scil wiuweIt poarper, fâldzjend út syn goud’ne troan.
Den is myn dreame-glâns as raend en wei,En júbljend scil dit folk in kening earjeHwaens ljochtsjend each oerglânzget moarn en dei,Net ien mear kinmynstjerre it paed forklearje...
Net ien as dy. Hwent heech, ús sinne ûntdreaun,Bist nei myn greatre sinne langjend kleaun.