XIII.

XIII.’k Bin Boaz, geande yn ’t rike nôt, dêr’t bliidIn wyn yn núndret en de sinne oer strielet;Fier, mids in berchtme brún en driigjend, mieletIt haedljocht oer in stream syn glinstring swiid.Stil-sjongend skrept it diigre folk mei piid:Hjar driuwt de krêft dy’t treastget en skewielet;Men meant en rispet, bynt, en ’t wirk bisieletTa tank oan ’t wiis biwâld yn ’t ivich wiid.lin lynjend op myn stêf oerskôgje ik ’t lân;Sêft giet in brún fanke oan myn each foarby,In „Hear, haw heil” klinkt seinjend troch de romte.Ho’n wielde dochs dit feest! Ho leit de brânFen ’t gouden ljocht oer ’t goudne nôt sa lij!—En ’t fanke bûgt en giet mids koarn en blomte...

’k Bin Boaz, geande yn ’t rike nôt, dêr’t bliidIn wyn yn núndret en de sinne oer strielet;Fier, mids in berchtme brún en driigjend, mieletIt haedljocht oer in stream syn glinstring swiid.

Stil-sjongend skrept it diigre folk mei piid:Hjar driuwt de krêft dy’t treastget en skewielet;Men meant en rispet, bynt, en ’t wirk bisieletTa tank oan ’t wiis biwâld yn ’t ivich wiid.

lin lynjend op myn stêf oerskôgje ik ’t lân;Sêft giet in brún fanke oan myn each foarby,In „Hear, haw heil” klinkt seinjend troch de romte.

Ho’n wielde dochs dit feest! Ho leit de brânFen ’t gouden ljocht oer ’t goudne nôt sa lij!—En ’t fanke bûgt en giet mids koarn en blomte...


Back to IndexNext