XIV.

XIV.Do’t d’ ierde gyng nei d’ ein en ’t lêste blêdBleek deldwirle oer hjar wiettich earmtlik klaed,Biloek ús gea, ’t wâld húvre—sêft oer ’t paedMids dripkjend beamte gyng in frjemde trêd.Dead’s amme loek oer ’t wâldrom gear, en têdJoech ’t beamt him del nei d’ âlde groun, as waerdHjar woartel wjirm-toknage; yn ’t dompich skaedForstoar it biidzjende iere nôt-sie rêd.Det seach frou Frigga drôvjend oan: hja hatIt blomte en ’t nôt en simmer’s ljochtloft djûrEn striidt tsjin dûnkrens dy’t de tier fortart—Ho brocht hja glâns! By ’t skriemen fen NatûrBerne ûnder loft fen griis en drouwend swartIn laitsjend famke, in stjerre yn ’t Hjerst-bistjûr.

Do’t d’ ierde gyng nei d’ ein en ’t lêste blêdBleek deldwirle oer hjar wiettich earmtlik klaed,Biloek ús gea, ’t wâld húvre—sêft oer ’t paedMids dripkjend beamte gyng in frjemde trêd.

Dead’s amme loek oer ’t wâldrom gear, en têdJoech ’t beamt him del nei d’ âlde groun, as waerdHjar woartel wjirm-toknage; yn ’t dompich skaedForstoar it biidzjende iere nôt-sie rêd.

Det seach frou Frigga drôvjend oan: hja hatIt blomte en ’t nôt en simmer’s ljochtloft djûrEn striidt tsjin dûnkrens dy’t de tier fortart—

Ho brocht hja glâns! By ’t skriemen fen NatûrBerne ûnder loft fen griis en drouwend swartIn laitsjend famke, in stjerre yn ’t Hjerst-bistjûr.


Back to IndexNext