XIII.As ’k dea bin, wis, den sjongst in hearlik liet,Det hiel de wrâld forstive stiet fen smert,En wer ûntweitsjend, lústrjend seit: dêr letIn klok aloan fen in to frjemd fortriet.Den bringt men dy oliif en drúf; ien biedtDy, earme sjonger, ’t bloed oan fen syn hert’,’t Lûd fen syn siele in oar; en elts bidjertDy sêft mei jeften om dyn yndrôf liet.Mar dou nimst neat mear nei dy: dou bist bliidAs ’t bloed dy fen dyn soallen rint, as ’t eachDy diiznich wirdt: sa komt dyn lêste tiid...Myn holle omspint de Dea mei rust-brún reach,Yn griis klaed sit ik stil by ’t Deade-wiid,Det blyn slacht hwa’t syn weagen skûmjen seach.
As ’k dea bin, wis, den sjongst in hearlik liet,Det hiel de wrâld forstive stiet fen smert,En wer ûntweitsjend, lústrjend seit: dêr letIn klok aloan fen in to frjemd fortriet.
Den bringt men dy oliif en drúf; ien biedtDy, earme sjonger, ’t bloed oan fen syn hert’,’t Lûd fen syn siele in oar; en elts bidjertDy sêft mei jeften om dyn yndrôf liet.
Mar dou nimst neat mear nei dy: dou bist bliidAs ’t bloed dy fen dyn soallen rint, as ’t eachDy diiznich wirdt: sa komt dyn lêste tiid...
Myn holle omspint de Dea mei rust-brún reach,Yn griis klaed sit ik stil by ’t Deade-wiid,Det blyn slacht hwa’t syn weagen skûmjen seach.