XIV.Ast nei my komst, en ik bin dea, den scilMyn each net ljochtsje; it toarre en bleke liifAmmet net waerm mear nêst dy; deadsk en stiifForgean myn lea, net lústrjend nei myn wil.Patsje myn iiz’ge mûle net! Lit stil,Net nytgjend my yn d’ ierd forgean. ’t Earm lykKin dôch gjin wearpea jaen... ’t is dien. It rykFen ’t libben sonk yn sompen, goar en kil.Den net, mar nou. Kom dôch, ik gûl nei dy...Oars rout it dy, ear’t yet dit jier forgiet;Kom ticht, hiel ticht; dou wist, ik ljeavje dy.Liz lylje-blêdden op myn boarst, det bliedt,En op myn mûle balsem, fris en nij...En den, sjong as ik stoar, in blider liet!
Ast nei my komst, en ik bin dea, den scilMyn each net ljochtsje; it toarre en bleke liifAmmet net waerm mear nêst dy; deadsk en stiifForgean myn lea, net lústrjend nei myn wil.
Patsje myn iiz’ge mûle net! Lit stil,Net nytgjend my yn d’ ierd forgean. ’t Earm lykKin dôch gjin wearpea jaen... ’t is dien. It rykFen ’t libben sonk yn sompen, goar en kil.
Den net, mar nou. Kom dôch, ik gûl nei dy...Oars rout it dy, ear’t yet dit jier forgiet;Kom ticht, hiel ticht; dou wist, ik ljeavje dy.
Liz lylje-blêdden op myn boarst, det bliedt,En op myn mûle balsem, fris en nij...En den, sjong as ik stoar, in blider liet!