XII.

XII.As ’k dea bin, wier? den sjongst in kostlik liet:Fen ho’t hy frjemd wier, faeks en njoer en kâldEn hjerst fen skyn, mar Maeije yn ’t hert—de wrâldForstie him net, sa sjongste frjeonlik-swiet;Hy wier net earm, sa seist den, in geniet,Myld, nuver, joech him ljocht; hy wier net âld,Mar jong as froast’ge maitiidsmoarn; it wâldWier him ta frjeon, ta ljeafste it hymjend wiet.Hy, hater, wier mei roazen bliid; it gielFen ’t weagjend nôt wier him, de donkre, djûr;Net ien, mar Ik, mar Ik forstie syn siel’.Nou bin ik ienlik, drôf; in hetsich sûrBarnt my de tonge; in koarts fen longrjend fielNei Him, nei Him bliuwt my nou inkeld oer.

As ’k dea bin, wier? den sjongst in kostlik liet:Fen ho’t hy frjemd wier, faeks en njoer en kâldEn hjerst fen skyn, mar Maeije yn ’t hert—de wrâldForstie him net, sa sjongste frjeonlik-swiet;

Hy wier net earm, sa seist den, in geniet,Myld, nuver, joech him ljocht; hy wier net âld,Mar jong as froast’ge maitiidsmoarn; it wâldWier him ta frjeon, ta ljeafste it hymjend wiet.

Hy, hater, wier mei roazen bliid; it gielFen ’t weagjend nôt wier him, de donkre, djûr;Net ien, mar Ik, mar Ik forstie syn siel’.

Nou bin ik ienlik, drôf; in hetsich sûrBarnt my de tonge; in koarts fen longrjend fielNei Him, nei Him bliuwt my nou inkeld oer.


Back to IndexNext